Fryske fesper op 27 april 2025

Fryske fesper op 27 april 2025

It is moai dat wy yn de Jacobinertsjerke yn Ljouwert op 27 april o.s. wer in Fryske fesper fiere kinne. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is Hessel Yntema en Klaske Straatsma-Westerhof nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan Aleid Stonebrink op de fluit.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!