Fryske fesper op 28 juny 2026

Fryske fesper op 28 juny 2026

Op snein 28 juny 2026 meie wy wer in Fryske fesper fiere yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke. De tsjinst begjint om  19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is Hinke Post-Knol en Sytske Eringa fersoarget de psalmlêzing en de foardracht. Oargelist Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang en soarget foar in selsstannige muzikale bydrage.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Waalske Tsjerke as oer de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Grutte Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!