Fryske fesper yn 2022 fia livestream

Fryske fesper yn 2022 fia livestream

 

Wurkgroep Fryske Fesper

Ferline en takomst
Sûnt 1991 wurdt op de fjirde snein fan de moanne yn Ljouwert in folslein Frysktalige Fesper fierd –  njoggen kear jiers (net yn desimber en net yn july en augustus); yn it earstoan yn de Grutte Tsjerke, mar sûnt jier-en-dei yn de Waalske Tsjerke yn Ljouwert. Dêrta is yndertiid de foarstap nommen troch ds. Bernard Smilde; hy hat lange jierren tegearre mei Gerrit Fokkema en Gerrit Elzinga de tarieding fan de Fesperfierings op ‘e noed hân.

Koroana
As gefolch fan de anty-koroana-maatregels koenen wy de ôfrûne oardeljier gjin gebrûk meitsje fan de Waalske Tsjerken en koenen wy telâne yn de Grutte Tsjerke. En trochdat de minsken op sicht- en gehoarsôfstân sitte, kin der dochs in bepaalde yntimiteit en mienskipsfoarming belibbe wurde; boppedat is de akûstyk prachtich.
Troch de koroana maatregels is it ús EK net slagge om it 30-jierrich bestean fan de folslein Frystalige Fesperfierings te betinken. Wy binne dwaande om dat noch wol foar elkoar te krijen en as dat slagget sille wy dat wrâldkundich meitsje.

Livestream
De Wurgroep hat koartby weromsjoen nei de Fesperfierings fan de ôfrûne oardel jier en yngeand oerlis fierd oer de ferskate aspekten fan dy fierings: de lokaasje, de muzikaliteit, it berik fan mei-fierders (yn tsjerke en thús), de organisaasje en de finânsjes. Wy hawwe foar it measte part positive reaksjes krigen. Dat, de Wurkgroep hat besletten om de njoggen Fesperfierings yn it kalinderjier 2022 yn de Grutte Tsjerke te hâlden en dy sa mooglik ek wer  troch de livestreaming foar mear minsken tagonklik te meitsjen. Dêr is wol ferlet fan, mar wy begripe skoan dat noch mear bekindheid fan de Fesperfierings by ûnderskate doelgroepen dat ferlet ek bewuster en grutter meitsje kin. Dêr sille wy dan ek oan wurkje en oan de ein fan 2022 op ‘e nij hifkje oft de oanpak foldocht.

De lokaasje fan de Grutte Tsjerke hat it teffens mooglik makke om de Fesperfierings troch middel fan livestream út te stjoeren. Dêrtroch koenen gâns mear minsken de Fesper mei-fiere as de 30 à 40 minsken dy’t gewoanwei by de Fesper oanwêzich binne.

Fersyk om stipe
Wy tinke, dat de livestream-útsjoerings fan de Fryske Fesperfierings meihelpe kinne om ek de doelen fan Krúspunt te befoarderjen, nammentlik it brûken fan it Frysk yn de earetsjinsten.

Om’t de livestream hegere kosten meibringt binne de gewoane ynkomsten fan de kollektes elke moanne net genôch. Dêrom hjirby in oprop fan de Wurkgroep Fryske Fesper op dyjingen dy’t de livestream folgje. Sy kinne in bydrage stoarte op it rekkennûmer fan de Stifting Krúspunt, om’t wy in dielnimmende organisaasje fan de Stifting Krúspunt binne.

It rekkennûmer is:
NL 29 INGB 0004 3194 90 op namme fan Stifting Krúspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm 

en set by de omskriuwing Fryske Fesper

Us hertlike tank yn it foar!
Foar de wurkgroep Fryske Fesper,
Jant van der Weg-Laverman, foarsitter;
Alex Riemersma, ponghâlder

Foar neiere ynformaasje:
fryskefesper@gmail.com

*) St. Krúspunt fungearret as tuskenstasjon. Hy hâldt in oersicht by wêrút bliken docht wat der oan donaasjes ynkomt wer’t de kosten makke troch de Grutte Tsjerke foar û.o. de livestream mei betelle wurde kinne. De opbringsten wurde yn oerlis mei de wurkgroep streekrjocht oermakke oan de administraasje fan de Grutte Tsjerke fan Ljouwert op namme fan ‘Protestantse Gemeente Leeuwarden’.
St. Krúspunt ferlient syn meiwurking fergees, mar troch him makke kosten meie yn rekken brocht wurde.
De opbringsten en útjeften fan de donaasjes wurde yn in apart oersicht troch Krúspunt byholden en is foar dat diel ferantwurding skuldich oan de wurkgroep. De wurkgroep krijt oan de ein fan it seizoen in oersjoch fan opbringsten en útjeften.

St. Krúspunt is as ANBI ynstelling registrearre, dus in jefte is ôflûkber foar de belêsting.