Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

It seizoen fan de Fryske fespers yn Ljouwert rint wer op syn ein.
Snein 25 juny 2017 hoopje wy dat ôf te sluten mei in fiering, dêr’t ds. Ulbe Tjallingii de foargonger wêze sil.
De kantorij fan de Ljouwerter Grut Tsjerke sil muzikaal meiwurkje, lykas de fêste oargelist Theo Jellema.
Foardraachster is diskear Sytske Eringa.
De fesper begjint om 19.00 oere yn de Waalske tsjerke, Gr. Tsjerkestrjitte, Ljouwert

 As ôfsluting fan it seizoen 2016-2017 drinke wy mei elkoar nei ôfrin fan de fesper in kopke kofje of tee mei wat lekkers derby.

Wer fan herten wolkom!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

zestien + zestien =