Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Wy binne bliid dat we op de fjirde snein fan dizze moanne febrewaris, en wol op de 27e, yn Ljouwert wer in Fryske fesper fiere kinne.

De jûns om 19.00 oere sil dy fiering plak fine yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke. Dy kin, sa’t wy dat al in skoftke wend binne, net allinne fierd wurde troch de minsken yn tsjerke, mar ek troch hiel wat mear minsken digitaal meibelibbe wurde. De tsjinst sil nammentlik útstjoerd wurde op de site : http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl .*)

Yn dizze tsjinst sil foargean ds. Gerben Hoogterp, wylst Martha de Boer de lêzingen fersoarget. Muzikale meiwurking ferlient Theo Boelens mei syn dwersfluit, wylst Peter van der Zwaag it oargel bespilet.

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze fesper-fiering.

De folgjende fespers sille by libben en wolwêzen plak fine op 27 maart, 24 april, 22 maaie en 26 juny


*) No’t de Fryske fesper ek digitaal folge wurde kin bringt dat ekstra kosten mei. As jo yn dy kosten bydrage wolle dan kin dat troch jo jefte oer te meitsjen nei it rekkennûmer fan de Stifting Krúspunt. It nûmer stiet hjir ûnder. Hjir is foar keazen om’t noch min yn te skatten is hoe lang as dit fol te hâlden is kwa kosten. De kollekte opbringsten sille der wierskynlik te leech foar wêze. Fryske fesper is in dielnimmende organisaasje fan St. Krúspunt. Se binne ek mei in sit yn it bestjoer fan St. Krúspunt fertsjintwurdige. De jeften dy’t oermakke wurde sille allinne brûkt wurde om de útstjoeringen mooglik te meitsjen.
It rekkennûmer fan de stichting is:

NL29 INGB 0004 3194 90 op namme fan Stifting Kruspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm

Set  by de omskriuwing dudlik Fryske Fesper

St. Krúspunt is in ANBI stichting. Dat betsjut dat jo jefte ôflûkber is foar de belestingtsjinst.