Fryske fesper yn Ljouwert
Op snein 23 oktober 2022 sil der wer in Fryske fesperfiering holden wurde, op ‘e nij yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.
Foargonger yn dizze fiering is ds. Hinne Wagenaar fan Jorwert en Sytske Eringa nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt fan oargelist Peter van der Zwaag en it Huzumer Kwartet.
Wy binne bliid dat troch de digitale ferzje fan de tsjinst hiel wat mear minsken dizze fesper meifiere kinne fia boppe neamde site.
Fansels kin dat net om ‘e nocht en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.Ljouweet