Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Op snein 27 novimber 2022 sil der wer in Fryske fesperfiering holden wurde yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Hinke Post-Knol fan Dronryp en Klaske Straatsma nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt fan Theo Boelens, fluitist en oargelist Peter van der Zwaag.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.

Fansels kin dat net om ‘e nocht en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stifting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.