Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Yn maart kinne wy wer in Fryske fesper fiere, diskear op snein de 27ste fan de moanne maart. Dat sil wêze yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke de jûns om 19.00 oere. Wy binne bliid dat net allinne de minsken yn tsjerke de fesper fiere. Digitaal is dat ek wer mooglik en hite wy dy harkers fan herten wolkom om de tsjinst mei ús mei te fieren. Dat kin fia de site http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl .

Yn dizze tsjinst sil foargean ds. Adri Terlouw fan Dronryp, wylst Pytsje Kaastra de lêzingen fersoarget. Diskear jout it Chr. Sjongerskoar Eufonia fan Akkrum ûnder lieding fan Klaske Deinum har muzikale meiwurking. Peter van der Zwaag bespilet it oargel.

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze fesper-fiering.

De folgjende fespers sille by libben en wolwêzen plak fine op 24 april, 22 maaie en 26 juny.