Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Op snein 25 septimber 2022 hoopje wy wer in Fryske fesperfiering te hâlden. Dat sil barre yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Piet Beintema fan Dokkum en André Looijenga nimt de psalmlêzing en de foardracht op him. De sjonggroep Kwint, dy’t al faker oan de fespers meiwurke, soarget tegearre mei oargelist Peter van der Zwaag foar de muzikale bydrage. Mar fansels sil ek de gemeente moaie en faak ek bekende lieten sjonge.

Om’t it de earste fesperfiering yn it nije seizoen is, biede wy jim nei ôfrin kofje of tee oan mei in lekker hapke derby.

Wy binne bliid dat troch de digitale ferzje fan de tsjinst hiel wat mear minsken meifiere kinne. It kin net oars dat dat sinten kostet. Dus soe in jildlike bydrage tige wolkom wêze. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper. Wy sille dêr as wurkgroep tige wiis mei wêze!

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.