Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper op 31 oktober

Ek yn de moanne oktober wurdt yn Ljouwert wer in Fryske fesper holden. Diskear lykwols net op de fjirde snein, sa’t oars de gewoante is. Want op dy dei, de 24e oktober, wurdt de Fryske Tsjerkedei holden. Dêrom is de fesperfiering ferhuze nei de 31e fan dy moanne oktober. Ek in bysûndere dei: Herfoarmingsdei.

De fesper sil wer yn de Grutte of Jacobijner Tsjerke holden wurde, jûns om 19.00 oere. Foargonger is drs. T. Simonides en Sytske Eringa sil foardrage. De muzikale bijdrage is fan it Huzumer Kwartet en fan ús fêste oargelist Gerwin Hoekstra. Neist Herfoarmingsdei sille ek Alderheljen en Aldersielen omtinken krije.

De tsjinst is ek wer te folgjen op ynternet ûnder http://tiny,cc/jacobijner

Tige fan herten wolkom!

Add Comment

Your email address will not be published. Required fields are marked *

4 × een =