Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Nei de simmerfakânsje begjint alles wer yn aksje te kommen. Sa ek de wurkgroep dy’t de Fryske fespers yn de Waalske tsjerke, Ljouwert organisearret.

De fjirde snein fan de moanne binne wy ek yn it kommende seizoen wer presint.

De fesper fan septimber sil wêze op snein 24 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere.

Sûnt in pear jier krijt dy tsjinst it jaske  fan in Nijkleasterfiering.

Foargonger is ds. Sytze Ypma fan Frjentsjer. Muzikale meiwurking komt fan ús fêste oargelist Theo Jellema en as ekstra it Huzumer kwartet.

Dizze earste kear biede wy jim nei de fiering in kopke kofje of tee oan, beselskippe fan in stikje kleasterkoeke.

Tige fan herten wolkom!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

3 × vier =