Fryske fespers te Ljouwert

Fryske fespers te Ljouwert

Wy noegje de lêzers fan de Krúspunt-hiemside graach út foar de folgjende Fryske fesper op 27 juny o.s. yn de Jacobiner of Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Wol graach fantefoaren even opjaan op it adres: fryskefesper@gmail.com

De fesper sil fierd wurde de jûns om 19.00 oere.

Tagelyk kin de tsjinst troch hiel wat mear minsken digitaal meibelibbe wurde; de tsjinst wurdt nammentlik útstjoerd op de site : http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl

Yn dizze tsjinst giet foar ds. S. Ypma, wylst Nynke de Vries de lêzingen fersoarget. Hiel bliid binne wy dat nei sa’n lange tiid fan stil wêzen wy as gemeente wer mei elkoar sjonge meie, al is dat noch wol wat foarsichtich oan.
Muzikale meiwurking is der lykas wenst fan oargelist Gerwin Hoekstra en diskear ek fan Theo Boelens, dy’t de dwersfluit bespylje sil.
Wy hoopje jim de 27e juny moetsje te meien. Tige wolkom! En ferjit net jim even oan te melden!

Ek yn it nije sezoen sille der by libben en wolwêzen wer fesperfieringen wêze, en wol op 26 septimber, 24 oktober en 28 novimber.

Jant van der Weg, foar de Wurkgroep Fryske fespers yn Ljouwert

Add Comment

Your email address will not be published. Required fields are marked *

19 − elf =