Fryske sjongmiddei yn Stiensgea

Fryske sjongmiddei yn Stiensgea

 

FYKFE logoryske sjongmiddei yn Stynsgea

STYNSGEA – Op snein 15 oktober wurdt yn  de Augustinitsjerke fan Stynsgea de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde komme út it nije lieteboek dat yn 2013 troch de lânlike tsjerken yn gebrûk naam is.  Yn april 2015 is de fryske oersetting fan dit lieteboek presentearre yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert. Mei it each op 500 jier Reformaasje is it téma fan de sjongmiddei Om Martin Luther hinne.  Meiwurking is der fan de Kantorij Surhústerfean ûnder lieding fan Grietje Dam-Riemersma. Ek dogge der blazers mei fan muzykferiening De Bazuin út Stynsgea. It oargel wurdt bespyle troch Geart van der Heide en de lieding fan de middei is yn hannen fan Bob Pruiksma.

De sjongmiddei op 15 oktober yn Stynsgea begjint om 15.00 oere en de tagong is fergees.

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

20 − dertien =