Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard

Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard

Bethel tsjerke

 

 

 

 

 

Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard

Op snein 12 maart 2017 is om 16.00 oere in
Fryske tsjerketsjinst yn ‘e Betheltsjerke
Plejadenplein 44, 1033 VL Amsterdam.
Sjoch: bethelkerkamsterdam

It tema is: Yn it midden fan’e tiid.

Gysbert_Japix_portrait_by_Matthijs_Harings.tifYn dizze tsjinst sil it gean oer Gysbert Japicx, de Fryske skoalmaster en skriuwer dy’t 350 jier lyn yn Bolsert stoar oan’e pest (septimber 1666).
Mei de kantorij sille wy ek in stikmannich lieten fan syn hân yn’e taal fan syn tiid besykje te sjongen.
Dizze snein stiet yn it teken fan it evangeelje oer Jezus dy’t tegearre mei Mozes en Elia op de berch yn it ljocht komt te stean.

Foargonger is ds Trinus H.Hibma
Kantor-oargeliste is frou Marja van der Ploeg – Hofstra mei stipe fan de Bethelkantorij.

Nei de tiid kofje / tee mei koeke.
Jo binne tige wolkom!

Ynformaasje: T.H.Hibma
Alhambralaan 14
1064 NW Amsterdam
020-631.46.44 / 06-24.98.11.44
hibmveen@xs4all.nl

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

16 − 1 =