Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam – Noard

Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam – Noard

Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard

Op snein 3 maart 2019 is om 16.00 oere in Fryske tsjerketsjinst yn’e Betheltsjerke
Plejadenplein 44, 1033 VL Amsterdam. Sjoch: www.bethelkerkamsterdam.nl

It tema is: Grûn en minsken.

D’r bestiet in djippe bân tusken grûn en minsken, benammen yn agraryske streken lykas Fryslân dêr’t men libbet fan grûn.
De grûn docht wat mei minsken en minsken wurde minske yn’e omgong mei de grûn.
Tink mar ris oan’e roman ‘Groun en Minsken’ fan Reinder Brolsma út 1940 dy’t spylet op’e wrede grûn oan’e sédyk yn’e Bjirmen.

Dizze snein, de lêste eardat de 40 dagen foar Peaske begjinne, giet it oer’e grûn dêr’t minsken op bouwe.

Foargonger is ds Trinus H.Hibma
Kantor-oargeliste is mefrou Marja van der Ploeg – Hofstra mei stipe fan de Bethelkantorij.

Nei de tiid kofje / tee mei koeke.
Jo binne tige wolkom!

Taheakke poster kinne jo trochstjoere of ophingje.

Hertlike groetnis,

T.H.Hibma
Alhambralaan 14
1064 NW Amsterdam
020-631.46.44
06-24.98.11.44
hibmveen@xs4all.nl

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

zestien − vijftien =