Greidhoekesnein 2013

Greidhoekesnein 2013

Op ’e saneamde Greidhoekesnein waard op 26 maaie, in dei nei de oanbieding yn Monnickendam, yn de Ring Boalsert fan ’e PKN waard it Lieteboek, al yn acht tsjerken tagelyk brûkt  Fan Weidum oant Boalsert!

Ek alle minsken dy’t net yn ’e gelegenheid wiene om op 25 maaie nei Monnickendam ta, of alle minsken dy’t benijd wiene wat wy mei dizze bondel dogge, wiene fan herte wolkom yn Boalsert of ien fan de tsjerken dêromhinne.

Yn alle tsjerken dy’t meidiene, wie der om 10.00 oere in tsjinst dêr’t ien nij liet yn sintraal stiet. De tsjerken dêr’t it om gong wiene:

– Gasthústsjerke Boalsert
– Doarpstsjerke Weidum
– Grifformearde tsjerke Lollum
– Martinitsjerke Easterein
– Doarpstsjerke Spannum
– Jacobitsjerke Wommels
– Doarpstsjerke Raerd

Dêrnei wie der om 11.00 oere kofje yn de Martinitsjerke te Boalsert, en om 12.00 oere in ôfslutende sjongtsjinst. Yn dy sjongtsjinst lieten de ûnderskate gemeenten har eigen liet oan alle oaren hearre. Nei de seine stie foar eltsenien sop mei broadsjes klear.

Lês hjir it kranteferslach fan de deis derop.

Programma foar BERN op ’e Greidhoekesnein: Kids Express !!!!

Tagelyk mei de Greidhoekesnein komt ek de Kids Express fan it NBG yn Boalsert. Wat is de Kids Express? In stoet fan fiif caravans, mei dêryn in komplete reis troch de tiid fan de Bibel. Op snein 26 maaie om 11.00 oere binne alle bern wolkom yn de Kids Express. As se alle fiif caravans troch geane, hawwe se de hiele reis makke. Foar de bern fan groep 6, 7 en 8 binne der opdrachten. As der in soad bern binne en jim moatte eefkes wachtsje, is der ranje mei wat lekkers yn de Martinitsjerke. Foar de alderjongste bern is der oppas yn it Convent, fuortby de tsjerke.

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

4 × 4 =