Haadlinen beliedsplan St. Greidhoekekatedraal
Haadlinen beliedsplan:
De stifting wol de kommende trije jier de basis lizze ûnder syn doel. De plannen dêrta binne:
2014
1) it sykjen fan in partner yn de útfeartbranche
2) it sykjen fan jildmiddels foar de needsaaklike wurksumheden oan de tsjerke
3) it oanlizzen fan in stipersbestân
4) it foarmjen fan in team fan frijwilligers
5) it ferhieren fan de tsjerke om de fêste lêsten te bestuiverjen
2015
1) it opstellen fan in sakeplan
2) it útwurkjen fan de plannen foar de ferbouwing
3) it útwreidzjen fan it stipersbestân
4) it bekendmeitsjen fan de nije bestimming fan de tsjerke
5) it ferhieren fan de tsjerke om de fêste lêsten te bestuiverjen
2016
1) it útfieren fan de bouwurksumheden
2) it fierder bekendmeitsjen fan de nije bestimming fan de tsjerke
3) it tarieden fan de aktiviteiten neffens de nije bestimming fan de tsjerke
Sa fêststeld yn de bestjoersgearkomste fan tiisdei 18 febrewaris 2014