Itenser Rûnte

Sep

27

Itenser Rûnte

Dr Ton de Kok: Wat is God? Wetenschappers en kunstenaars op zoek

Ton de Kok wie marinier, hat Russysk studearre en wurke by de ‘inlichtingendienst’. Hy siet 10 jier foar it CDA yn de Twadde Keamer. Yn 2000 promovearre hy en waard dosint godtsjinst oan in lyceum yn Amsterdam.


Algemiene ynformaasje: Elke jûn begjint om 20.00 oere en slút om 22.00 oere, it plak is de Martinitsjerke fan Itens (de Herfoarme tsjerke) Yn it skoft is der foar € 0,50 kofje of tee by de koster
Opjaan kin troch € 30,00 foar it hiele programma oer te meitsjen op NL80 INGB 0001 3945 07 op namme fan D.Willemsma (Itenser Rûnte)  of op NL23 RABO 0349 5014 08 op namme fan Tsjerkfâdij Itens-Hinnaard. Namme en adres opjaan. Losse kaarten kostje € 7,50
Ynljochtings: Douwe Willemsma, Hearedyk 37, 8735HP, Itens (0515331744) of email nei douwe.willemsma@hetnet.nl

 

Klik hjir foar it komplete winterprogramma.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

zestien − zes =