Kneppelfreed – Keppelfeest de flagge út foar taal

Kneppelfreed – Keppelfeest de flagge út foar taal

De flagge út foar taal

Op 16 novimber 1951 – sechtich jier ferlyn – wie it “Kneppelfreed”. It gie need dy deis. It barren hie alles te krijen mei taal. Troch de Friezen, ûnder oanfiering fan Fedde Schurer, waard der op oanstien, dat harren taal foar fol oansjoen waard. It joech grutte reboelje: der kamen brânspuiten en kneppels oan te pas. Sjoch de beskriuwing dêrfan ûnderoan dit stik. Kneppelfreed wurdt dit jier tige betocht. De betinkingskommisje wol ta op in fleurich talefeest: net kneppelje, mar keppelje! Fan “Kneppelfreed” nei ‘Keppelfeest’. De kommisje wol besykje  de ynwenners fan Fryslân ‘oan elkoar te keppeljen’ om de Fryske talen ta har rjocht komme te litten. Der is in hiele rige fan aktiviteiten betocht. Sechtich dagen lang giet de flagge út foar taal! 

Sechtich kear sechtich flaggen.

Der binne gâns aksjes yn dy twa moannen. It flagge-projekt is tige opfallend en sprekt ta de ferbylding. Der wurde 60 doarpen oansocht of útkeazen, dy’t allegearre 60 flaggen krije om op te hingjen. Doarp ien wurdt op de earste dei, op 17 septimber,  betocht mei de earste sechtich flaggen. Op de twadde dei kriget doarp twa ek 60 flaggen. Dat giet yn totaal 60 kear sa troch, en op 16 novimber 2011 – de dei fan Kneppelfreed – hingje der dan 3600 flaggen. Op eltse groep fan 60 flaggen komt in Fryske siswize te stean. Boppedat is der plak foar in frysk wurd, dat de minsken dy’t de flagge ophingje der sels op skriuwe, moai fine en dus bewarje wolle. Sa binne der dan oan de ein fan it talefeest 60 siswizen ‘werberne’, en hingje der 3600 moaie wurden te pronk. It sprekt  fansels dat ek de oare lytsere talen fan Fryslân meidogge yn dit flaggespul.

Oprop oan de Fryske Tsjerkemienskippen

Njonken alle oare plannen libbet de ferwachting dat ek de tsjerken meidwaan sille. Tsjerken kinne ommers net om taal hinne. Taal yn it algemien, mar ek de eigen taal,  is sûnt it earste Pinksterfeest tige wichtich te neamen. Spitigernôch is it plak fan  Fryske taal yn de earetsjinst noch altyd tige beheind. As oanjagers fan it talefeest wol de kommisje har no al ta alle tsjerklike mienskippen yn Fryslân rjochtsje. Ta de tsjerkerieden, de dûmny’s, de preekfoarsjenners en de redaksjes fan de tsjerkebledsjes.

It fersyk oan de Fryske tsjerkemienskippen is oft hja op 13 novimber  2011 meidogge oan de Fryske tsjerkesnein. Dat hâldt yn dat it Frysk yn dy tsjerken dy deis by alle ûnderdielen fan de earetsjinst folop klinke sil. En mocht dat net alhiel slagje, dan soe it op syn minst in twatalige earestsjinst wêze kinne. Materiaal is der genôch ferskynd troch it skreppen fan warbere Fryske dichters en komponisten.

Njonken dat nije materiaal is der ek noch it yn 1969 ferskynde boekje mei bibellieten fan Fedde Schurer. Hy hat in soad dien foar de earetsjinst yn de Fryske tsjerken. Lykme allinne sette hy alle psalmen en gesangen oer yn it Frysk en dichte er 118 bibellieten dy’t ferskynden ûnder de namme:”De Gitaer by it Boek” Dy teksten sille yn it ramt fan it talefeest op’e nij útjun wurde as in dichtbondel. Boppedat silin part  derfan mei muzyk yn in nije lietebondel ferskine.

It Ykfe (Yntertsjerlike Kmmisje foar de Fryske earetsjinst) sil yn de persoan fan ds. Cor Waringa hânfetten jaan foar in liturgy foar de Fryske snein. Dat wurdt digitaal oanbean oan alle tsjerken yn Fryslân, sawol Protestantsk as Roomsk. It materiaal dat tastjoerd wurdt, sil him boppedat net beheine ta dy iene snein op 13 novimber.  Deselde ds. Waringa hat al in listke gearstald fan 8 lieten út “De Gitaer by it Boek” dy’t goed pasje by de acht sneinen dy’t der oan foarôf geane. Wy hoopje tige dat de tsjerken yn Fryslân sa bydrage sille oan it feest fan de taal.

Mei freonlike groetnis foar de wurkgroep,

Hindrik van der Meer


Op 16 novimber 1951 hat der reboelje west yn Ljouwert. Fedde Schurer wie as haadredakteur fan de Friesche Koerier opkommen foar it rjocht om Frysk te praten foar de rjochtbank. By twa rjochtsaken op It Hearrenfean wie troch de rjochter easke dat troch de fertochten hollânsk praat waard. By de earste rjochtsaak wegeren twa molkboeren út Aldeboarn dat. De rjochter makke harren út foar domme boeren. Hja hiene fryske teksten op harren molkbussen skreaun. Sûpe ynstee fan karnemelk bygelyks, en dat wie by de Warenwet ferbean. Yn in haadartikel warskôge Fedde Schurer de rjochter dat it sa net koe: ‘Tink derom! As ús bloed sûpe wurdt!

By de twadde saak, dy’t tsjinne tsjin in feedokter fan ‘e Lemmer, wie it wer mis, doe’t ek hy him net ferbruts. De rjochter easke in tolk en liet de feedokter withoelang wachtsje.

Yn it haadartikel oer dat barren, neamde Schurer de rjochter – immen út Dokkum, –  it lêste lid fan de binde fan de ‘Swarte Hoop’. Dat wie in Midsieuske binde dy’t Fryslân ûnfeilich makke.

Doe kaam de tredde rjochtsaak, no tsjin Schurer sels. Hy moast him ferantwurdzje  fanwegen in belediging fan de rjochterlike macht. Dy deis wiene grutte kloften minsken kommen om Fedde Schurer moreel te stypjen. It rûn op it Saailân út op in konfrontaasje fan demonstranten mei de plysje. Der waarden brânspuiten brûkt en gummykneppels. Fedde Schurer sels neamde de dei, dy’t de wetlike erkenning fan it Frysk as twadde rykstaal in stap foarút brocht Kneppelfreed.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee × 2 =