Krúspunt webside yn in nij jaske

Krúspunt webside yn in nij jaske

Fan ôf 11 febrewaris is de webside fan Krúspunt by in oare provider ûnderbrocht. Der is de ôfrûne moannen hurd oan wurke om de ynhâld fan de âlde Krúspunt webside oer te heveljen nei de nije side. Tagelyk in moaie gelegenheid om bygelyks efterhelle ynformaasje dy’t der yn sân jier op kommen is te skiftsjen en/of te ferwiderjen.

Fierwei de belangrykste reden fan dizze operaasje is it kostenaspect. Wiene wy sân jier tebek by de âlde provider it geunstichst út kwa kosten, no binne der safolle mear oare providers dy’t goedkeaper binne om in webside te bouwen en te ûnderhâlden as doe.

De webmaster hat him opnij ferdjipje moatten yn de wize wêrop je it oanlevere materiaal der op sette kinne, mar dyjinge dy’t de âlde side foar ús makke hie hat him wer tige ynspand om de nije webside der wer kreas út sjen te litten.

No mar hoopje dat de besikers  ek gau har op de nije side  thús fiele. Yn elk gefal fine de makkers dat de ynformaasje dy’t jo graach besjen/lêze wolle wat makliker te finen is.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vijftien + twaalf =