Liuwe H. Westra sil de Fedde Schurer lêzing 2015 hâlde

Liuwe H. Westra sil de Fedde Schurer lêzing 2015 hâlde

Liuwe Westra is troch de ‘Ried fan Fryske Beweging’ útnoege om yn ‘Tresoar’ de Fedde Schurer lêzing 2015 te hâlden.

Yn alderhanne fermiddens wurdt de fraach steld nei de takomst fan ’e tsjerke. Wy binne yn in faze bedarre, dat dúdlik is dat de fraach net mear akademysk is, oft in tsjerke altyd bliuwt. Tsjerken kinne ek ferdwine, en guon binne dwaande om te ferdwinen.
Minsken dy’t sokke fragen stelle, trune faak oan op feroaring. Feroarje om te oerlibjen, om sinfol yn ’e mienskip presint te bliuwen.
De Kristlik Fryske Beweging hat mear as 100 jier lyn al hammere op ’e needsaak foar de tsjerken yn Fryslân om te feroarjen. Dy feroaring is mar foar in hiel lyts part werklikheid wurden, sterker noch: dy fraach om feroaring hat nea op in beliedsfoarmjende tsjerklike gearkomste fan boppepleatslik nivo stien.
Yn it boekje Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 komt nei foaren, dat yn tsjerken yn Fryslân de lojaliteit oan de Nederlânske steat in wichtich, mar ymplisyt beliedsútgongspunt is. Of sa’t jo wolle: in part fan ús tsjerklike identiteit.
Mar der is mear te rêden: it hiele fenomeen tsjerketsjinst, dêr’t de Kristlike Fryske Beweging him altyd op rjochte, liket hurd op wei in saak fan it ferline te wurden. De earste fraach fan de Kristlike Fryske Beweging hat aansen gjin aktualiteit mear.
De fraach nei de takomst fan de tsjerke is al aktúeel. It ferhaal fan de Kristlik Fryske Beweging lit sjen, dat antwurden allinnich wurkje dy’t oanslute by de identiteit fan de minsken en tagelyk by de geast fan ’e tiid.
De geast fan ’e tiid freget om in kombinaasje fan lytse, ynformele byienkomsten op doarpsnivo en om grutte, ferbinende eveneminten op it nivo fan regio of sels provinsje, en in dúdlik stânpunt oer dingen dy’t ynternasjonaal op ús ôfkomme.
Us identiteit freget om behâld fan it eigene, pleatslike sizzenskip, ferbining mei it gruttere gehiel, en romte om ús te ûntjaan. It wurdt de taak fan ’e tsjerken yn Fryslân, om dy konsepten geastlik foarm te jaan.

Foar preken, artikels en lêzings fan ’e sprekker dy’t mei dit ûnderwerp te krijen hawwe, kinne jo hjirûnder klikke.

twa preken oer slavernij       artikel Kerk en Theologie         lêzing foar it Fries Godgeleerd Gezelschap

preek oer de striid tsjin it kwea

It boekje Pioniers sûnder folgers is noch altyd by Krúspunt te bestellen.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 × een =