Liturgy ‘Betinking earste reformatoaryske tsjinsten yn Ljouwert’

Liturgy ‘Betinking earste reformatoaryske tsjinsten yn Ljouwert’

De ‘betinking earste reformatoaryske tsjinsten yn Ljouwert’ waard snein 11 septimber 2016 holden yn de St. Bonifatiustsjerke. De organisaasje fan de tsjinst wie in gearwurking tusken de Stichting Krúspunt, de Rie fan Tsjerken fan Fryslân en de Rie fan Tsjerken fan Ljouwert.
In twahûndert minsken kamen der op ôf en belibben in stylfolle tsjinst, wêr’t mienskip tusken de tsjerken as mear binend ûnderfûn waard as besteande ferskillen.

De liturgy fan dizze middei is hjir nei te lêzen.

Lês hjir it kommentaar fan it Friesch Dagblad

De realisaasje fan dizze middei is mei mooglik makke troch stipe fan de ‘Douwe Kalma Stichting’.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

3 × 3 =