Musical Ruth

Musical Ruth

Tekst: Folkert Verbeek. Muzyk: Hindrik van der Meer

Yn de wike foar Pinkster 2015 is yn de Lawei yn Drachten (en ek yn novimber yn teater Snits) troch it Kwartette-koar ûnder lieding fan Hindrik van de Meer de Fryske Musical Ruth útfierd wurde. It is in hiel besûndere musical dy’t professioneel optúcht wurdt mei musikanten, tonielregisseuse, klaaister, dekorûntwerper.

Dizze musical is basearre op it bibelboek Ruth. Ruth is in Moabityske frou. De Moabiten binne fijannen fan Israel. Dochs ha dy in Joads gesin, dat foar de honger flechte is nei Moab, ûnderdak jûn. De Moabityske Ruth trout mei in Joadske man út dit gesin, mar dy stjêrt al gau nei har trouwen. Letter beslút Ruth mei har skoanmem Naomy mei te gean nei Israel om dêr in nij bestean op te bouwen. En dat slagget op wûnderbare wize tige goed.

Dizze musical is hiel bysûnder. Hy beskriuwt ……

– de honger yn Bethlehim op sa’n wize dat je oan alle honger op ierde tinke.
– de pine fan it flechtsjen út eigen wenplak op sa’n wize, dat men daliks oan de emigraasje tinkt út Fryslân.
– de oankomst yn Moab op sa’n wize dat je de reaksjes út it eigen doarp deryn heare.
– it trouwen fan de beide jongens fan Naomy yn Moab op sa’n wize dat je werom tinke oan de trouwerijen
sa as dy yn ‘e Fryske doarpen wiene.
– it ferlies fan Elimelek, Machlon en Kiljon, op sa’n wize dat alle needlot yn ús eigen libben derby belutsen wurdt.

– Orpa as in frou dy ‘t har wol fan de eigen sibbe losmeitsje wol, mar it krekt net kin.
– de weromkomst fan Naomy yn Bethlehem op in wize, sa’t it ek yn it eigen doarp gean soe.
– de risping yn Bethlehim op sa’n wize dat je werom tinke oan de rispingen op it Fryske fjild en de gefoelens dy’t dan maklik opkomme by it skoftsjen.
– op deselde wize de trouwerij fan Ruth en Boaz.
– de berte fan it lytse berntsje Obed as de berte fan in Frysk jonkje.

– Om ‘t it yn ’t Frysk is komt it djipper oan. Al mei al komt it ferhaal fan Naomy en Ruth folle tichterby.

Mar ek en dêrtroch komt de bedoeling fan it boek tichterby: Hoe’t de wet fan Israels God lok en seine bringt ûnder de minsken. Mar tagelyk wurdt ek dúdlik dat wy kreatyf en ferstannich mei dy wet omgean moatte wol dat slachje. Dat hiele gewoane gefoelens ek meidwaan meie en dat wy soms wat tafal nedich ha.

It ein fan de musical is in skot yn ‘e roas.

De musyk fan Hindrik van der Meer is prachtich, leit maklik yn’t gehoar en fersterket oeral de moaie, kreative teksten fan de skriuwer Folkert Verbeek.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

4 × 2 =