Nije CD ‘Sjong in liet’ fan Grytsje Kingma

Nije CD ‘Sjong in liet’ fan Grytsje Kingma

Sneon 1 desimber 2018 hat sjongeres en lietskriuwster Grytsje Kingma fan Sint-Jânsgea har tredde cd presintearre: ‘Sjong in nij liet’. 

Op dy skiif steane tolve Fryske geastlike lieten, oerset troch har goede freon

Atze Bosch, dy’t yn 2011 ferstoarn is. De cd is in earbetoan en oantins oan him.

De lieten op har nije cd binne yn in part fan Fryslân al bikend. Neist it titelliet, psalm 96a yn it lieteboek, fine wy bygelyks ‘De frede fan de greiden’ en ‘nim my sa’t ik bin’. Se jouwe in moai ynsicht yn wat Atze Bosch foar Kristlik Fryslân betsjut. It is Grytsje Kingma wol tabetroud om dizze lieten te presintearjen mei har heldere stim. It is in nocht om der nei te lústerjen.

In priuwke fan wat se te bieden fynt men op youtube-clip as men yntikket: ‘sjong in nij liet alle lannen’. Dêrop sjocht men in moai stik Frysk lânskip. Sa wurdt psalm 96 ek in liet oer de Fryske lannen.

De cd is te bestellen fia de webside www.grytsjekingma.nl.  It is in prachtich kadootsje foar mar €12.

Heerenveense Courant skreau oer de presintaasje

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

15 − veertien =