Nije plannen foar de Greidhoekekatedraal 2

Nije plannen foar de Greidhoekekatedraal 2

QUILT FOTODe nije plannen foar de Stifting Greidhoekekatedraal krije al moai wat omtinken. It telefyzjeprogramma ‘EenVandaag’ (AVROTROS/NPO1) hat op moandei 17 augustus 2020 omtinken jûn oan dit inisjatyf. De útstjoering is hjir nei te sjen: As it útstjoerd is sil it werom wêze te sjen fia útstjoering sjen . Hiele Nederlân is no op ’e hichte!
Klik hjir foar de plannen yn it Frysk of yn it Nederlânsk.

Wolle jo sels bydrage en dêr in bysûnder oantinken oan oerhâlde? Frieda Kuijpers-Cnossen út Lollum makket tekkens (‘quilts’) fan materiaal dat jo persoanlik oandrage. Sjoch op har webside herinneringsquilt.nl foar foarbylden. Op dit stuit is der de mooglikheid om in skitterjende quilt te bestellen foar € 250, en dan giet it hiele bedrach nei de Stifting Greidhoekekatedraal!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vier × 4 =