Nije plannen foar de Greidhoekekatedraal

Nije plannen foar de Greidhoekekatedraal

ynterieur

Liever Nederlands? Klik hier!

De Stichting Greidhoekekatedraal begjint in aksje om de eardere Grifformearde tsjerke fan Lollum foar de takomst te behâlden. It gebou is in unyk monumint foar in wichtich stik skiednis, dêr’t Fryslân in belangrike rol yn spile hat. As wy der net om tinke, ferdwynt dat erfgoed folslein út ’e iepenbiere romte.

Om it gebou te konservearjen, is der op koarte termyn in bedrach fan € 250.000 nedich. As wy dat byinoar krije, kin mei finansiering út fûnsen it gebou beholden wurde. Dan is it ek mooglik om der in prachtige nije bestimming oan te jaan, nammentlik dy fan:

Seis smûke wenten mei binnenhôf en toer.

Dit plan bringt op in hiel bysûndere menier in tal dingen byinoar:

1) de fraach nei wenromte foar húshâldens fan ien of twa persoanen;
2) de fraach nei grutte, goed te fentilearjen akkommodaasje foar sjongers, musisy, koaren, orkesten, groepen en keunstners;
3) de fraach nei de leefberheid fan ’e lytse doarpen yn ’e 21ste ieu.

Jo kinne it plan hjir besjen en ophelje.

Jo kinne hjir sjen nei de mooglikheden om finansjeel by te dragen of it gebou te brûken.

Foar fragen, réaksjes of gebrûk kinne jo skilje of skriuwe mei Liuwe Westra, skriuwer fan de Stichting Greidhoekekatedraal: liuwe.westra@mensa.nl / 06-30837586.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vier × 4 =