Nijsbrieven Greidhoekekatedraal

Nijsbrieven Greidhoekekatedraal

Bêste minsken,
Dit is him: ús Nijsbrief. Hjirmei wolle wy tenei de minsken dy’t belutsen binne by de Greidhoekekatedraal op ’e hichte hâlde fan wat der bart en wat wy fan plan binne.

Mei dit Nijsbrief wolle wy jim benammen útnoegje foar de iepen dei op sneon 29 augustus. Wy wolle dan de earste faze fan ’e plannen foar it lokaal efter de tsjerke prissentearje (Sjoerd). Dêrnei is der in bakje kofje of tee mei wat derby en mesyk. Dan komt der in prissentaasje fan it plan foar de finansiering (Liuwe): wêr wolle wy de 250.000 wei helje? As lêste is der gelegenheid om (in stik fan in) tsjerkebank út te sykjen, mochten jo it projekt
ek persoanlik stypje wolle. Dizze kâns krije earst allinnich de minsken fan Lollum en Waaksens en oaren dy’t no al belutsen binne by ús plannen!

Lês mear yn Nijsbrief 2.
Lês mear yn Nijsbrief 1.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

4 × een =