oargel mei sang yn Burchwert op 13 septimber

oargel mei sang yn Burchwert op 13 septimber

Freed, 13 septimber, is der de jûns om 8 oere wer in oargelkonsert yn ’e tsjerke fan Burchwert, no mei in special feature: mezzosopraan Anneloes Volmer út Haren sil û.o. in liet fan ’e grutte Fryske dichter Gysbert Japiks sjonge. En sy net allinnich: in pear kûpletten fan it liet, dat in bewurking is fan Jesaja 53, sjonge wy ek meiinoar. In prachtige wikselwurking tusken oargel, solo en alle oanwêzigen!

De tsjerke fan Burchwert hat in skitterjend histoarysk ynstrumint yn it Schwartzburg-oargel fan 1736, restaurearre yn 2011.

It oargel stiet bekend om syn prachtige, waarme en heldere klank. Jo kinne hearre, dat it bedoeld is om minsken oan it sjongen te krijen.

Eeuwe Zijlstra hat in pegramme gearstald dêr’t populêre lieten út ’e tiid dat it oargel yn boud waard, yn trochklinke. Komponisten as Sweelinck, Byrd en Böhnm brûkten oargels noch net as ynstruminten foar yngewikkelde en téoretyske stikken, mar foaral as ferlingstik fan ’e minsklike stim: heger, djipper en mei mear mooglikheden, mar yn prinsipe noch altyd útgeand fan in liet sa’t minsken dat sjonge om in stikje gefoel of emoasje te uterjen.

Hy hat dêrby de meiwurking fan mezzosopraan Anneloes Volmer út Haren. Hja sjongt lieten fan Constantijn Huygens en, in primeur, Fryske lieten fan Gysbert Japiks.

It bysûndere is, dat de persoan dy’t it oargel yn 1736 skonken hat in skoandochter wie fan in folle nicht fan de grutte Fryske dichter Gysbert Japiks út Boalsert. Gysbert Japiks wie dichter, mar ek syn gedichten wiene bedoeld om te sjongen. Iksels hoopje in lytse taljochting te jaan op Gysbert Japiks syn teksten.

It kin net oars, as Gysbert hat wolris yn Burchwert west. Mooglik hawwe guon lieten dy’t op 13 septimber klinke sille yn ’e Burchwerter tsjerke, 400 jier earder ek al yn Burchwert te hearren west …

Fan 19.30 oere ôf tsjerke iepen mei kofje; nei de tiid gelegenheid ta neipraten; yntree € 7,50

klik hjir foar it programma.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

achttien + 12 =