Pinkstersnein 2015

Pinkstersnein 2015

Yn it sjueryrapport nei oanlieding fan it nije Fryske Pinksterliet neamde Alex Riemersma it jier 1915. Doe hold dr. Geart A. Wumkes op snein 3 jannewaris de earste offisjele Fryske tsjinst. Dat barde yn Tsjom. 1915, dat is yn 2015 hûndert jier lyn.

Soe it in goed idee wêze om de earste Fryske preek te betinken? Jawis, dat moat heve. Op Pinkstersnein 2015 soe yn alle tsjerken yn Fryslân in twa- of in meartalige tsjinst holden wurde moatte. Yn it Biltsk, it Frysk, it Stellingwerfsk en it Nederlânsk, mar de lêste taal is op dy snein de minderheidstaal. Nei safolle ieuwen mei dat ek wol in kear.

Ik hoopje fan herten dat Krúspunt de tarieding foar dy betinking op ‘e noed nimme wol frege in stiper.

Krúspunt nimt dy tarieding graach op syn noed.

Yn jannewaris 2014 gie de earste brief om oandacht te freegjen foar Pinkstersnein 2015 al de doar út. In goed jier letter is der in twadde brief yn it Frysk sawol as yn it Hollânsk per email nei klasses, foargongers, skriba’s fan hast alle denominaasjes yn Fyslân ferstjoerd.

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

dertien − twaalf =