Premjêrekonsert yn de Sint Piter yn Grou

Premjêrekonsert yn de Sint Piter yn Grou

Bêste muzykleafhawwer,

Op snein 14 maaie sil it Mingd Koar Grou in twatal konserten jaan yn de Sint Piter yn Grou.
It folsleine programma fan dit bysûndere Premjêrekonsert sjocht der sa út:

• The Passion of Prometheus, in kantate fan Sipke Hoekstra foar koar,
    solisten en lyts orkest.
• Kyrië – Sipke Hoekstra
• Lietesyklus ’t Is letter as men tinkt, in komposysje yn opdracht skreaun
   troch Jan de Jong by 9 gedichten fan Rixt, pseudonym van de yn Grou
   berne dichteres Hendrika Akke van Dorssen.

Yn de bylage stiet mear ynformaasje oer de konserten.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

2 × vier =