Pylgertocht fan út St. Jabik

Pylgertocht fan út St. Jabik

Pylgertocht  fan út de ‘Groate kerk’ yn Sint Jabik.

It programma:

  9.30 oere  Wolkom yn de tsjerke by in kopke kofje (sels betelje €.1,00 it kopke)

10.00 oere  Meditatyf momint mei oan  e’ ein de presintaasje fan it boekje ‘Tsien jier pylgertochten”.

11.00 oere  Start fan de kuiertocht.

De tiden binne likernôch en it fierdere ferrin fan de dei sjogge wy ûnderweis wol.
Nei ôfrin fan de kuiertocht is der foar ús in rûnlieding yn de ‘Groate kerk’ oer in bysûndere útstalling en kin it earder neamde boekwurkje foar de kostpriis fan €.10,00 meinommen wurde. Der binne sa’n 90 eksimplaren beskikber en op = op.

1e part fan de tocht: St.Jabik ‘Groate kerk’ – Westend – Spoorrondsy – Georg v. Saksenstr. – v. Wijngaardenstr. – Kadal – Aldebildtdyk skean oerstekke – Boomweg – Seedyk (binnen- of bûtendyks) – Swarte Hoanne.

2e part: Swarte Hoanne- by de Kouwe Faart lâns – Âldebildtdyk  – Sanpad (núnderpaad troch de fjilden) – Westend – Groate Kerk St.Jabik. It restaurant op Swarte Hoanne is 10 desimber wol iepen en men kin der in  board sop of sokssawat ite.(sels betelje) It oantal te ferwachtsjen persoanen  graach in dei foarôf efkes trochjaan. Krekt foar Swarte Hoanne, wy hawwe dan it grutste ein fan it 1e part ôflein, kinne wy oan de Seedyk ús brochje opite.

It is by rein en hurde wyn net it noflikste plak mar der is wol wat beskûl te finen yn de lijte fan in wetterskipsgebou. Utsûnderlik binne: Aldebildtdyk, ien fan Nederlâns langste strjitten mei mear as 1200 húsnûmers ; It Waad, wrâlderfguod en it moaiste natoergebiet fan Nederlân; wintersboulân mei syn romte en fiere kimen. Reeën, guozzen en oar fûgelguod binne yn de wintertiid gjin útsûndering yn dizze kontreien.

Lingte fan de tocht: 2 x 6,5 km. =  mei-inoar 13 km.   Graach uterlik foar tongersdei 8 desimber efkes opjaan by Piet Smedinga oft jim komme: piet.smedinga@hetnet.nl

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

12 + zes =