Pylgertocht 14 novimber 2015

Pylgertocht 14 novimber 2015

Ferslach pylgertocht 14 novimber 2015

Dizze pylgertocht hat as tema: ‘Op weg naar het Licht!’ De nijsberjochten fan’e moarn binne lykwols tige tsjuster. Mear as 120 deaden troch terreuroanslaggen yn Parys.We begjinne mei kofje yn de kreas opknapte Eehof by de Mauritiustsjerke yn Drylts. We ha in aardich grutte groep en it waar liket ta te fallen hjoed. Yn de fiering lêze we oer Jacob by de Jabbok, dy’t al wrakseljend op wei giet. En dat net sûnder kleanskuorren. Lokkich stiet der dan: ‘Toen kwam de zon op’. It ljocht kaam him temjitte. Sûnder dat hy der wat foar hoecht te dwaan. Yn alle dize en tsjusternis meie wy ek hoopje en ferwachtsje dat it Ljocht ús temjitte komt. We geane op wei nei Advint!
Heero Wybenga fertelt wat oer de tsjerke. Dy is neamd nei de Hillige Mauritius. De tsjerke is in ryksmonumint. Fan binne sjocht it der tige kreas en ljocht út. In ynterieur mei waarme natuerlike tinten.
Om 10.30 is it tiid om de stap der yn te setten. We rinne lâns de houtseachmûne De Rat en geane dan oer it skulpepaad nei Snits. We sjogge dêr de nije sloeperûte dy’t de gemeente Súdwest Fryslân oanlein hat. De Snitsers(en ek oaren) kinne mei sloepen no samar tusken de flats en huzen trochfarre. It hat wat koste mar hawar, no hat Snits ek wer in toeristyske attraksje derby. We passearre de histoaryske wetterpoarte om sa de kant fan it spoar út te gean. We stekke de rails oer en rinne lâns it spoardok nei Ysbrechtum. Yn it doarpshûs hawwe se de sop klear. It is mar in eintsje nei de tsjerke fan Ysbrechtum, dus dêr geane we ek even oan. Ek hjir is der immen dy’t wat fertelt oer de skiednis fan de tsjerke We besjogge de bysûndere roubuorden fan de famylje Juckema en Rengers. Op it moarmeren doopfont steane 4 bibelske tafrielen, dy’t alle 4 mei wetter te meitsjen hawwe.
Fierder giet de tocht rjochting Folsgeare. We steane even stil by it oarlochsmonumint. Dan troch it doarp Folsgeare en dan krije we al gau Easthim. We slaan dêr ôf om it paad lâns it wetter te folgjen. Sa komme we wer yn Drylts werom. Yn De Stadsherberg fan Schreur ha we ta beslút in noflike neisit.

Reinschje

Add Comment

Your email address will not be published. Required fields are marked *

20 − 16 =