Pylgertocht Earnewâld

Pylgertocht Earnewâld

Ynformaasje foar de pylgertocht fan út Earnewâld dy’t Gerrit van der Iest mei Jelly Hania taret hat. Opjefte oant uterlik woansdei 6 april by: gerritarendsoan@hotmail.com

Berjocht foar alle pylgers(sters).

Der wienen wat tûkelteammen mar de tocht foar 9 april is no rûn.

It programma foar dy dei:

09.15 oere     De kofje stiet foar ús klear (€.2.00 it kopke) yn restaurant “Porto Casa” yn Earnewâld neist de Herf. tsjerke (mei toer)
09.45 oere    Koarte fiering yn neamde Herf. tsjerke mei in koart ferhaaltsje oer dizze tsjerke.
10.45 oere    Beslist net letter begjinne we mei de kuiertocht. It earste part fan de tocht is +/- 10 km.
12.45 oere    Oankomst yn Garyp. Yn “De Jefte”kinne wy ús meinommen brochje ite en wurdt ús in kopke kofje of thé oanbean. (€.1.50 it kopke)
13.45 oere    Besjen fan de PKN tsjerke, mei in koart ferhaaltsje oer skiednis fan tsjerke en doarp. De  PKN tsjerke stiet tsjinoer “De Jefte”.
14.15 oere    Begjin fan it twadde part fan de kuiertocht. Wy rinne dan in hiele oare kant om werom nei Earnewâld (+/- 7 km.)
16.00 oere    Wy tinke foar dy tiid werom te wêzen yn Earnewâld. By de pleatslike horeka kinne wy mei in drankje noch efkes neiprate. (ek sels betelje)

It parkearen fan de auto’s:

Earnewâld hat op’e  ein fan it doarp in rom parkearterrein.
Fanôf de Feansterdyk it doarp rjochtút trochride dan komt men fansels op dat terrein út.
In pear hûndert meter troch it doarp werom rinne nei neamde restaurant neist de Herf.tsjerke mei toer.

Wy hoopje der meiïnoar in hiele moaie dei fan te meitsjen en sjogge jimme dan 9 april ek hiel graach yn Earnewâld.
Graach wol foar woansdei 6 april opjaan as jim meigean. Dit yn ferbân mei ôfspraken dy’t wy makke hawwe mei de minsken dy’t foar kofje esfh. soarchje.

Opjaan by Gerrit Groeneveld of by ûnderskreaunen.

Oant sjen.
Jelly Hania  en Gerrit Ar.van der Iest.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vijftien − vijf =