Sjonge yn Snits

Sjonge yn Snits

SNITS – Op snein 3 novimber is der yn de RK Sint Martinustsjerke fan Snits Frysktalige, in oekumenyske sjongmiddei. De organisaasje is yn hannen fan de YKFE, de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst. 

Der wurde lieten songen út it Fryske lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. Yn it lieteboek steane lieten út sawol de Roomske as út de Protestantske tradysje. En dy komme beide oan bod. Ek it liet fan pater Titus Brandsma stiet op it programma.

De pastoars fan it Hearrenfean, Tjitze Tjepkema en dy fan Snits, Peter van der Weide ferliene harren meiwurking. De lêste bespylet neist Geart van der Heide ek it oargel. En der is meiwurking fan it fokaal dûbbelkwartet Canto Divertimento û.l.f. Bob Pruiksma.

Elts dy’t graach sjonge mei is fan herte wolkom. Fan 15.00 oere ôf binne de tsjerkedoarren iepen en it programma begjint om 15.30 oere. Om likernôch 17.00 oere sil it ôfrûn wêze. Der wurdt soarge foar in boekje wêr‘t de te sjongen lieten yn steane. De tagong is fergees. Der is  der is in kollekte foar de ûnkosten.