Stichting Greidhoekekatedraal (Frysk)

Stichting Greidhoekekatedraal (Frysk)

Namme: Stichting Greidhoekekatedraal

RSIN: 852817216

Postadres: Waaksenserwei 2, 8823 SX Lollum

Doelstelling: it yn eigendom krijen fan de grifformearde tsjerke te Lollum en dy op sa’n wize eksploitearje dat dy mei in nije funksje stean bliuwe kin.

Haadlinen beliedsplan:

Nammen en funksjes bestjoerders:

D.K. Houtsma, foarsitter
L.H. Westra, skriuwer
A. Strikwerda, ponghâlder
H. Hendriks, lid
A. Visser, lid
J. van der Wal, lid
Y. Burggraaff, lid

Beleanningsbelied bestjoerders: gjin beleanning, inkeld ûnkostefergoeding foar reëel makke ûnkosten. Beleanningsbelied direksje en/of personiel: net fan tapassing.

Aktúeel ferslach aktiviteiten oer 2013:

De stifting is oprjochte yn 2013, hat in oanfraach yntsjinne foar restauraasje en werbestimming by de Provinsje Fryslân. De oanfraach is honorearre mei in tasizzing fan € 200.000.

Jierferslach skriuwer 2014
It bestjoer hat fiif kear by elkoar west. Der hat kontakt west mei ferskate útfeartûndernimmers, om in gaadlike partner te finen foar de ynfolling foar de tsjerke.
Ek is der opdracht jûn oan Bureau Enneüs om in helberheidsûndersyk út te fieren.
De tsjerke is likernôch fiif kear ferhierd.
Der hawwe gjin bestjoerswiksels plakfûn.

Finansjele ferantwurding:

De stifting hat noch gjin eigen jildmiddels, en it tsjerkegebou is noch net oan de stifting oerdroegen. Sadwaande binne alle bedraggen op belâns en jierrekken oer 2013 gelyk oan € 0.

finansjeel ferslach 2014

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee × 5 =