Stúdzjegearkomste oer de nije Fryske Bibeloersetting
Bartlehiem, 20 desimber 2019
Bêste minsken,
It bestjoer fan de YKFE nûget jo út foar in stúdzjegearkomste oer de nije Fryske Bibeloersetting.
Plak: Botniastins, Breedeplaats 1, 8801LZ, Frjentsjer
Tiid: 13.30 ynrin
14.00-14.15 Iepening (deifoarsitter dr. Hinne Wagenaar)
14.15-14.35 Wat is oersetten (dr. Lénart de Regt)
14.35-14.50 De Bibel yn it Frysk (dr. Liuwe Westra)
14.50-15.10 Presintaasje projekt (dr. Lieuwe van Kampen)
15.10-15.45 Skoft
15.45-15.50 Priuwkes (Nynke Eringa-Boomgaardt)
15.50-16.00 Fan Hebrieusk nei Frysk (prof. dr. Eep Talstra)
16.00-16.15 Geef en linich frysk (prof. dr. Rolf Bremmer en dr. Hindrik Sijens)
16.15-16.25 kânsen en ferwachtings (klassis-predikant ds. Wim Beekman)
16.25-16.45 Omfreegjen
Neipetear mei in hapke en in drankje.
Oanmelding foar 10 jannewaris op mailadres: : wfbo@ykfe.frl
Graach oant sjen op 17 jannewaris!
Mei freonlike groetnis,
Lútsen Kooistra (foarsitter)