Ynternasjonale jongereintsjinst yn Blije

Ynternasjonale jongereintsjinst yn Blije

Ferslach ynternasjonale jongereintsjinst yn Blije

Op Palmpeaske (24 maart 2014) sette it Peaskekongres fan it YEN (Youth of European Nationalities) útein mei in meartalige tsjerketsjinst yn de Herfoarme Nikolaastsjerke fan Blije. Foargonger wie Oane Reitsma, lid fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt), dat dizze wike organisearre.
Der wie jongerein fan 20 taalminderheden mei 13 nasjonaliteiten yn de tsjinst oanwêzich. Oan it begjin fan de fiering hawwe ôffeardigen fan alle minderheden op de kaart fan Europa oantsjut wêr’t se wei kamen en elk in ljochtsje oanstutsen oan de Peaskekears, wylst de gemeente song: ‘Laudate omnes gentes’ (‘Bring huld’ oan God, jim folken’).
Skriftlêzings waarden dien troch Daniela Trantu (yn it Vlach, Roemenië) en Rejzka Lipičec (yn it Sorbysk, Dútslân). Ferskillende FYK’ers hawwe de gebeden lêzen. In gelegendheidskoar ûnder lieding fan Keimpe van der Meer (Burgum) hat mei de gemeente Ingelsktalige hymns songen – lykas: Make me a channel of your peace, We have a gospel to proclaim en Love divine – en Fryske tsjerkelieten. De jonge oargelist Jochem Schuurman (Drachten) hat koar en gemeente begelaat en stikken van Mendelssohn en Bach spile.
Reitsma preke yn it Frysk, Dútsk en Ingelsk oer de betizing fan talen by de toer fan Babel, dy’t de mins ferstruide oer de hiele ierde. Dêrtsjinoer sette hy de taal fan de leafde ut 1 Korintiërs 13, dy’t ús ien makket en dy’t ús wrâld ferbredet. Dizze ‘taal fan de leafde’ brocht hy yn ferbân mei de minderheidsskiednis fan it folk Israël en it opkommen foar minderheden as sintrale boadskip yn it Evangeelje. Mei 160 minsken siet de tsjerke grôtfol.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

12 − tien =