Fryske prekers en Fryske tsjinsten

Oersjoch Frysk preekjende foargongers

De Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) stelt regelmjittich foar de Tsjerken in list op mei de nammen fan de foargongers, dy´t op de list neamd wurde wolle fan de yn it Frysk preekjende foargongers.

List mei Frysk preekjende Foargongers

Wolle jo ek op dizze list fan Fryske foargongers neamd wurde, klik dan op it oanmeldingsformulier.

Oersjoch tsjerketsjinsten

Meastentiid stiet der in wykoersjoch fan tsjerketsjinsten fan ferskate tsjerkegenoatskippen yn it Frysk Deiblêd op Frysk Deiblêd. De Fryske tsjinsten steane hielendal ûnderoan it oersicht apart neamd.
Foar in jieroersjoch fan de tsjinsten dy’t fan de regionale oekumenyske wurkferbannen útgeane, kinne jo terjochte op fryskow.nl.

As jo op Fryske tsjerketsjinsten op de webside fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke klikke stiet dêr in ferwizing.

Op de kompjûter kinne tsjerketsjinsten beharke wurde. It is allicht mooglik om te besykjen, dat jo, as jo witte dat der earne in Fyske tsjinst hâlden is, dat dy nochris te beharkjen is. As jo lûd ôfspylje kinne fia jo kompjûter klik dan op kerkomroep om in tsjerketsjinst opnij te beharkjen.