KrúspuntBernebibels

Der is in protte kar yn bernebibels, foaral yn it Hollânsk. Mar ek yn it Frysk binne der in oantal bernebibels ferskynd, dêr ’t  in kar út makke wurde kin.

 

Hjirneist de yllustraasje / omkaft fan de Bernebibel fan Anders M. Rozendal & Wendela Kluitenberg, “Foar dy 20 bibelferhalen”. Dizze bernebibel is bedoeld om de jongste bern út foar te lêzen. Wat âldere bern kinne him sels lêze. De boartlike en oansprekkende tekeningen helpe om de ferhalen dúdlik te meitsjen.
Utjefte fan de KFFB (2019) nûmer 500. Winkelpriis: € 12,50

 

 

Omslag Heechste wurdYn It heechste wurd litte sân auteurs yn goed hûndert ferhalen en gedichten de Bibel oan it wurd. Alle sân kieze, ynspirearre troch de bibeltekst, dêrby har eigen orizjinele ynfalshoeke.
De kleurrike yllustraasjes fan Guida Joseph jouwe de ferskate ûnderdielen fan dit boek in hiel eigen gesicht.
It heechste wurd is bedoeld foar bern fan 9 jier ôf.

KFFB-nûmer: 468, ISBN-nûmer: 978-90-74918-98-5, KFFB leden betelje € 19.50, winkelpriis: € 24.50  Klik op KFFB om de bibel dêr te bestellen.

De Surfbijbel:
De surfbijbel is in produkt fan it “Nederlânsk Bibel Genoatskip”. It is in leuke side foar lytse en skoalgeande bern. De bern kinne oer it ferhaal surfe en dingen bewege of lûd jaan litte. Foar âldere bern binne der ek fragen om te beäntwurdzjen.

Kinderbijbels:
Kinderbijbels is in webside foar eltsenien dy’t wat oer bernebibels witte wol of in bernebibel siket. It is ek foar dyjingen dy’t in Fryske bernebibel oanskaffe wol in goede side om te lêzen.

Heit en mem
, HeitenMem.nl is yn 2007 betocht troch meiwurkers fan de Afûk, mei as doel oansteande en jonge âlders te ynformearjen oer it meartalich opfieden. Yn 2015 is de webside fernijd. Yntusken is de webside útgroeid foar âlders mei bern fan 0 oant en mei 12 jier en is der folle mear te lêzen as de foar- en neidielen fan meartalich grutbringen. No’t sûnt 2009 de webside in eigen tydskrift as partner krigen hat, libbet heitenmem.nl mear dan oait.

Bernebibel fan MARIJKE TEN CATE.

Yn de Bernebibel steane 25 bibelferhalen út it Alde en it Nije Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde ienfâldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern rjochte taal.

Titel        : Bernebibel
Auteur    : Marijke ten Kate
Utjouwer: Jongbloed Heerenveen
Ferskynd: 2010
Priis        : €32,50
EAN        : 9789089120298

Earder binne der wol mear Fryske bernebibels ferskynd, Sa as:

Printebibel
Kort, Kees de

Wurd foar Wurd
Eykman, Karel

De lytse poarte
Butterworth, Nick

No moatst ris hearre!
Ferhalen fan Jezus
Eykman, Karel

Harkje ris!
Ferhalen út de Bibel neiferteld foar bern
McCallen, A.J.