Nysargyf

Ynspiraasjedei ‘Leauwe yn Fryslân’ 2 septimber giet net troch.

Spitigernôch hawwe har mar 4 minsken opjûn foar de Ynspiraasjedei. Dat soe betsjutte dat wy mei mear ynlieders en organisatoaren as dielnimmers byinoar sitte soene. Dêrom is besletten om de Ynspiraasjedei ôf te blazen. Wy briede derop om hoe’t wy de trije ynlieders in oare kear foar it buordsje krije kinne

Iepening monumint Aldekleaster by Hartwert

Op sneon 10 juny is der by Hartwert in monumint ûntbleate op it plak fan it eardere Aldekleaster of Blomkamp. De stifting Krúspunt wie dêr op twa menieren yndirekt by belutsen. Alderearst: it idee foar in monumint wie in âlde winsk fan pastoar Jan van der Wal, âld-bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun en it Kristlik Frysk Selskip. Hy hat der altyd foar pleite dat der op dat plak, dêr’t safolle moais en safolle freesliks bard is, in monumint komme soe.

Krúspuntdei 22 april 2023 yn Akkrum

De dei wurdt iepene troch foarsitter Sipke Huismans, dy’t alle oanwêzigen in hertlik wolkom taropt. Der binne ôfberjochten fan Johannes van der Meer en Ageeth de Vries. Fan ’e moarn stiet in ynhâldlik punt op it programma, dêr’t no noch skriuwer Liuwe Westra in ynlieding ta jout. Hy bringt it punt op it aljemint, dat

Fierder lêze

Bernard Smilde priis 2023

Oant 2020 ta hat it bestjoer fan de Stifting Krúspunt besocht om de Bernard Smilde Priis ta te kennen foar in nij tsjerkeliet. Mar de lêste jierren is dat in pear kear net slagge. It doel fan de priis wie om minsken oan te trúnjen in nij tsjerkeliet te meitsjen of in besteand liet nei

Fierder lêze

Krúspuntdei 2022

Utnûging foar de KRUSPUNTDEI 2022   op sneon 9 april yn de De Lantearne, Dringelwei 15 yn Akkrum Wol graach yn ferbân mei de catering yn ’t foar opjaan fia adm@krúspunt of jo de moarns, middeis of de hiele dei komme Tema fan de dei: Bernard Smilde It wie 23 jannewaris 2022 hûndert jier lyn dat

Fierder lêze

Lieten fan leauwe en langstme (lûd en byld) 1

Fan in oantal lieten út de bondel ''Lieten fan leauwe en langstme" binne opnames makke yn de Sint Martinustsjerke yn Snits. It oargel wurdt bespile troch Geart van der Heide en de beide sjongers binne Geart Bruinsma, dûmny fan de CGTF gemeente yn Snits en Peter van der Weide, pastoor fan de Sint Antonius van [...]

Tritich Jier Fryske Fesperfierings yn Ljouwert

Op 28 novimber, de fjirde snein fan de moanne en teffens de earste snein fan de advint, wurdt yn de Fryske Fesperfiering omtinken jûn oan de skiednis en it wêrom fan dy Fesperfierings. Sûnt tritich jier wurde dy ienris yn de moanne hâlden, almeast yn de Waalske Tsjerke, mar yn dit koroana-jier en ek yn

Fierder lêze

Treast foar it nije jier 2021

Treast foar it nije jier 2021 (troch de foarsitter fan Krúspunt Sipke Huismans) Sa’t guon fan jimme witte, ha ik de lêste moannen fan 2020 in protte lêzen yn de boeken fan Jonathan Sacks, opperrabbyn fan Ingelân. Hy hat syn kommentaren op de Thora útjûn. Dy ha my in protte nije ynsichten jûn op de

Fierder lêze

Trije Advintslieten

"Krúspunt" wol lieten ûnder de oandacht bringe dy't de muoite wurdich binne om songen te wurden en dêr't te min omtinken foar is.  Dizze kear trije advintslieten út de bondel "Lieten fan leauwe en langstme". De lieten wurde songen troch Geart Bruinsma dy't op it oargel begelaat wurdt troch Geart van der Heide. De opname [...]
 |

Jan Jacob Poutsma

Op 22 july 2020 ferstoar dûmny Jan Jacob Poutsma. Hy wie emearitus dûmny yn de Grifformearde Tsjerke frijmakke. Fan 2013 oant 2017 makke ds. Poutsma diel út fan it Krúspunt bestjoer. Hy waard fanút it Deputaatskip Fryske Earetsjinsten (DFE) beneamd. It DFE is dielnimmende organisaasje fan St. Krúspunt. Yn 2017 waarden de plannen om in

Fierder lêze

Fryske fesper yn Ljouwerter Waalske tsjerke

Op 26 maaie o.s. is der wer in Fryske fesper yn de Ljouwerter Waalske tsjerke. De foargonger is ds. Idske van der Pol fan Wâldsein en Nynke de Vries is de lêzer en foardrager. Muzikale meiwurking is der fan Peter van der Zwaag op it oargel dy’t ek de begelieding van de gemeentesang fersoarget. De

Fierder lêze

Provinciale Regenboog viering

UITNODIGING Provinciale Regenboogviering 16 juni 2019 Hervormde Kerk Hollum Ameland Aanvang: 11.00 uur Thema: WELKOM! Voorganger: ds. Sijbrand Alblas Hervormde Gemeente Ameland i.s.m. Werkgroep Geloof en Homoseksualiteit Friesland klik hier voor de complete flyer met reisadvies

Fryske fesper yn Ljouwert

 Fryske fesper yn de Ljouwerter Waalske tsjerke. De foargonger is diskear T.R.A. Simonides fan Burdaard en Teake Posthuma is de lêzer en foardrager. Muzikale meiwurking is der fan it Huzumer Kwartet, wylst Theo Jellema op it oargel spilet. De fesper begjint jûns om 19.00 oere. Tige fan herten wolkom!

Pygertocht fan út Grou

Hartelijk welkom in de Sint Piterkerk, Kerkstraat 4, Grou. Parkeeradvies: Stationsweg/Parkstraat Friesmastrjitte Gedempte Haven (van daar is het 5 à 10 minuten lopen naar de kerk) PROGRAMMA: vanaf 9.30 ontvangst met koffie/thee. 10.00 – 10.45 viering door ds. Reinier Nummerdor. Het orgel wordt bespeeld door Eelke Pander; “kerkgeschiedenis” door koster Eddy v.d. Noord. 11.00 start

Fierder lêze

Fryske Tsjinst yn Blauhúster Sint Vitustsjerke

Sneon 16 maart 19.30 oere is de Tsjerketsjinst yn de Blauhúster Sint Vitustsjerke folslein yn it Frysk. Pastor Lucas Foekema en de leden fan de Liturgy Wurkgroep geane foar. En ek it Sint Ceacilliakoar hat sneon in Frysk repertoire. De lêzingen en lieten binne keazen rûnom it tema ‘Leafde, Frede, Freonskip’. As earste lêzing wurdt

Fierder lêze

JIergearkomste 2019: 10e Krúspuntdei yn Akkrum

Programma 10e Krúspuntdei 2019 datum:  sneon 13 april plak    : ‘Lantearne’, Dingelstrjitte 15 yn Akkrum Tema: ‘Lit ús sjonge’ 10.00 Kofje 10.30          Húshâldlike gearkomste. – Iepening – jierferslach 2018-2019 en ferslach jiergearkomste 2018 – bestjoersferkiezing: ôfgeand: J. Bakker (werkiesber) ôfgeand: P. Miedema (net werkiesber) – finansjieel jierferslach – omfreegjen 11.00 Ynlieding foarsitter oer ‘Lit

Fierder lêze

Raerd: Laurentiuslezing Frits de Lange

Laurentiuslezing Frits de Lange, hoogleraar ethiek: Heilige onrust Op maandagavond 18 maart verzorgt Frits de Lange, hoogleraar Ethiek aan de Protestantse Theologische Universiteit (vestiging Groningen), de jaarlijkse Laurentiuslezing in de Laurentiuskerk van Raerd. Oude geloofszekerheden verdampen; veel mensen kunnen weinig meer met de traditionele geloofsleer. Maar de behoefte aan spirituele verdieping en geloofsvernieuwing leeft enorm.

Fierder lêze

Presintaasje nije Fryske lietebondel

De Fryske ferzje fan it nije Lieteboek (beskikber sûnt 2015) wurdt in soad brûkt yn Fryske tsjerketsjinsten. Dat Lieteboek befettet lykwols hast gjin lieten dy’t oarspronklik yn it Frysk skreaun binne. Fierders binne der njonken it Lieteboek noch in hiel soad oersettingen yn it Frysk beskikber fan lieten dy’t graach songen wurde. Krúspunt (moetingsplak foar

Fierder lêze

Fesper Waalske Tsjerke yn Ljouwert

Ek yn it nije seizoen sille der wer Fryske fespers yn de Waalske tsjerke, Ljouwert holden wurde. De earste sil wêze op snein 23 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere. Foargonger is dan ds. Hinke Post-Knol, wylst Alex Riemersma lêze en foardrage sil. Muzikale meiwurking is der fan de fêste oargelist Theo Jellema en

Fierder lêze

Fryske sjongmiddei yn Ljouwert

  Fryske sjongmiddei yn Ljouwert LJOUWERT – Op snein 30 septimber wurdt yn  de Lutherske Tsjerke fan Ljouwert de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde komme út it nije lieteboek dat yn

Fierder lêze

 |

De skiednispine fan Redbad is in útnoeging foar ús

Op sneon 23 wie de premjêre fan ’e film Redbad, mei 2500 minsken op it Saailân. De wyks dêrnei begûnen yn Broeksterwâld de foarstellings fan it iepenloftspul Rêdbâd. Alle jûnen binne útferkocht. It iepenloftspul is basearre op it boek fan Willem Schoorstra: Rêdbâd: Kening fan ’e Friezen, dat yn it Frysk (twadde printinge) en it

Fierder lêze

Opening Tsjerkepaad seizoen 2018

Opening Tsjerkepaad-seizoen Bonifatiuskerk Oldeberkoop.(13.30 uur) Een feestelijke bijeenkomst met de voorstelling van ‘Polle, de orgeljongen’ onder leiding van Frank Belt (verteller) en Eeuwe Zijlstra (organist). Hierin wordt aan kinderen en volwassenen de liefde voor het orgel gedemonstreerd. De feestelijke opening van Tsjerkepaad is bedoeld voor vrijwilligers en belangstellenden. We willen met dit programma ook de

Fierder lêze

Fryske fesper yn Ljouwert

Op snein 24 juny hâlde wy ús lêste fryske fesper fan dit seizoen. Dat sil wer wêze yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert, de jûns om 19.00 oere. Foargonger is ds. G. Bruinsma, wylst Sytske Eringa foardrage sil. De muzikale meiwurking komt fan Theo Jellema oan it oargel en de kantorij fan de Grut Tsjerke

Fierder lêze

Fesper yn Ljouwert

Op 27 maaie o.s. wolle wy wer graach in fesper fiere en wol yn de Ljouwerter Waalske tsjerke, Gr. Tsjerkestrjitte, de jûns om 19.00 oere. Foargonger is diskear dr. J.D. Wassenaar, wylst it oargel bespile wurdt troch Theo Jellema, sawol yn de begelieding fan de gemeentesang as solo. Jant van der Weg sil lêze/foardrage. Tige

Fierder lêze

Jiergearkomst Krúspunt 2018 yn Akkrum

Krúspuntdei 2018 yn de Lantearne, Dringelstrjitte 15 yn Akkrum  Thema: Oersette nei it Frysk fan bibeltekst en tsjerkeliet 10.00     Ynrin 10.30     Húshâldlike gearkomste yn de ‘Lantearne’, Dringelstrjitte 15 yn  Akkrum 11.00     Ynlieding op de dei. Matth. 5: 3 – 10 (oersetting Liuwe Westra)                Sjonge: In spyltúch bin ik yn Gods hân. 11.05     Bernard

Fierder lêze

Fesper yn Ljouwert

Ek yn maart fiere wy op de fjirde snein, te witten de 25ste , in Fryske fesper, en wol yn de Waalske Tsjerke, Ljouwert. De fiering begjint om 19.00 oere. Foargonger is diskear ds. D. de Boer fan Ljouwert, wylst Klaske Straatsma lêze/foardrage sil. De muzikale begelieding is yn hannen fan Theo Jellema en de

Fierder lêze

Lichte muziek in de kerk

Themamiddag: Lichte muziek in de kerk zaterdag 10 maart 2018 aanvang 13.30 uur locatie: St. Franciscuskerk, Wolvega [Lycklamaweg 6, 8471 JX] m.m.v.: Koor Spirit of Joy (RK-parochie Wolvega) en Johan Klein Nibbelink, kerkmusicus, pop-cantor te Winterswijk Het doel van de studiemiddag is ontdekken en leren hoe je op een zinvolle manier lichte muziek kunt integreren

Fierder lêze

Fryske fesper yn Ljouwert

Ek yn febrewaris fiere wy op de fjirde snein, te witten 25 febrewaris, in Fryske fesper, en wol yn de Waalske Tsjerke, Ljouwert. De fiering begjint om 19.00 oere. Foargonger is diskear dhr. T.R.A. Simonides fan Burdaard, wylst Teake Posthuma lêze/foardrage sil. De muzikale begelieding is wer yn hannen fan Theo Jellema en de sjonggroep

Fierder lêze

Fryske tsjerketsjinst yn Amsterdam-Noard

Op snein 18 maart 2018 is om 16.00 oere in Fryske tsjerketsjinst yn’e Betheltsjerke ,Plejadenplein 44, 1033 VL Amsterdam. Sjoch: www.bethelkerkamsterdam.nl It tema is: Iepen mienskip. 2018 is it jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Wat seit it tema fan dit barren, ‘Iepen mienskip’, Friezen om útens? Dizze snein, twa wike foar Peaske, harkje

Fierder lêze

Lichte muziek in de kerk

Themamiddag: Lichte muziek in de kerk zaterdag 10 maart 2018 aanvang 13.30 uur locatie: St. Franciscuskerk, Wolvega [Lycklamaweg 6, 8471 JX] m.m.v.: Koor Spirit of Joy (RK-parochie Wolvega) en Johan Klein Nibbelink, kerkmusicus, pop-cantor te Winterswijk Het doel van de studiemiddag is ontdekken en leren hoe je op een zinvolle manier lichte muziek kunt integreren

Fierder lêze

En yn Deinum stiet in sipel op ‘e toer…

In bekend sankje oer in ferneamde toer yn Fryslàn. Net allinne de toer is ferneamd ek de Deinumer tsjerke hat namme. Yn de flier lizze prachtige grêfstiennen út de tiid fan de Renêssânse en it Hardorff-oargel út 1865 spilet in wichtige muzikale noat mei by de begelieding fan de gemeentesang en by konserten. Of better

Fierder lêze

Frysk Lieteboek no ek online

Frysk Lieteboek no ek online Fan ein augustus 2016 ôf is it ‘Frysk Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke‘ beskikber yn Liedboek Online. It materiaal foar de beamer en de liturgyboekjes kinne no yn it Frysk downloaden wurde. It sykjen fan lieten bliuwt wol basearre op de Nederlânstalige fersy, mar by it downloaden

Fierder lêze

Tsjinstboeken fan de Protestantske Tsjerke digitaal

Sûnt ein july 2016 binne Tsjinstboek I (2005) en II (2010) fan de Protestantske Tsjerke digitaal ûntsletten. Wa’t gebrûk meitsje wol fan teksten en/of muzyk út dy beide boeken kin de Word-bestannen dêrfan fan it ynternet helje en yn de eigen liturgy kopiearje. Muzykbestannen (liturgykse sangen en lieten) binne as ‘plaatsje’ yn Word-bestannen opnommen en

Fierder lêze

Ofskied fan it KFS op 30-12-2012

Op 30 desimber 2012 kamen in lytse hûndert belangstellenden, wêrûnder in protte leden fan it Kristlik Frysk Selskip noch ien kear, no yn Burgum, byelkoar om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje. It programma bestie út in feestlike byienkomst yn Glinstra State en letter op ‘e middei in fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum.

Fierder lêze