Tritich Jier Fryske Fesperfierings yn Ljouwert
Op 28 novimber, de fjirde snein fan de moanne en teffens de earste snein fan de advint, wurdt yn de Fryske Fesperfiering omtinken jûn oan de skiednis en it wêrom fan dy Fesperfierings. Sûnt tritich jier wurde dy ienris yn de moanne hâlden, almeast yn de Waalske Tsjerke, mar yn dit koroana-jier en ek yn it kommende jier yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
It inisjatyf kaam fan ds. Bernard Smilde, dy’t mei Gerrit Elzinga en Gerrit Hofstra lange jierren de fesperfierings taret hat. Op it heden is in wat gruttere ploech dwaande mei it gehiel fan de bibellêzing en de meditaasje dêrby, de gebeden en de muzyk: lieten en ynstrumintaal.
De Fryske fesperfierings passe yn de tradysje fan it Krsitlik Frysk Selskip (KFS, no: Stifting Krúspunt) om it Frysk yn de earetsjinst te brûken as folweardige taal foar de liturgy. It KFS hat hiel lang op Pinkstermoandei in folslein Fryske tsjinst organisearre om it boadskip fan it talewûnder yn Hannelingen 2 konkreet te belibjen yn de eigen taal. Yn de Fesperfiering fan 28 novimber sil ds. Liuwe Westra de meditaasje hâlde by it ferhaal fan Zacharias yn Lukas 1.
It doel fan de Fesperfierings is it bieden fan in eigen plak oan minsken dy’t graach ris in kear it eigene fan de Fryske (memme-) taal yn de earetsjinst as totaal-gehiel belibje wolle yn gebed en by it sjongen. Dat is net eksklusyf foar dy minsken, want sy geane op sneintemoarn mei alle wille en ynmoed nei oare tsjinsten (dy’t almeast mar in bytsje Frysk brûke). Dat is ek net eksklusyf foar memmetaalpraters fan it Frysk: elkenien is wolkom om mei te dwaan. Soks past ek by it ynklusyf tinken en it mei-elkoar belibjen fan de liturgy yn Fryslân. De Fryske fesper as sadanich hat ek in foarbyldfunksje foar oare fieringen om sels ek bepaalde ûnderdielen fan de fiering yn it Frysk te dwaan, bygelyks in skriftlêzing, in gedicht, in liet en ien of mear gebeden.De Fesperfierings wurde trochstrings bywenne troch in trouwe ploech fan sa likernôch 40 minsken. Sûnt de koroana-perikels wurde de Fesperfierings ek útstjoerd mei help fan de livestream-ferbining fan de Grutte Tsjerke. Dêrtroch kinne helte mear minsken de fesperfierings mei-belibje. Dêrby biede teksten op it skerm stipe oan de minsken om mei te lêzen en mei te sjongen. Dat wurdt troch de meifierders-op-ôfstân wol wurdearre.
Elkenien is wolkom, mar wy stelle oanmelding yn it foaren wol op priis op it adres: fryskefesper@gmail.com