De tsien geboaden

De Tsien Wurden of de Tsien Geboaden binne neffens Joadendom en Kristendom troch God op de berg Sinaï oan de minsken jûn om dêr neffens te libjen. Der binne yn de rin fan de tiid hiel wat fariaasjes betocht om de tsien wurden yn eigen taal en wurden oer te setten.
It is de muoite wurdich om op dizze webside fan Krúspunt in samling oan te lizzen fan ‘eigen’ oersettingen yn it Frysk fan ‘de tsien wurden’. Mail de oersetting dêr’t jo oer beskikke nei ynfo@kruspunt.nl