Fryske fesper op 26 maaie 2024

Fryske fesper op 26 maaie 2024

Op snein 26 maaie 2024 sil der wer in Fryske fesperfiering holden wurde yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. P. Beintema fan Dokkum en Martha de Boer nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang, fan oargelist Peter van der Zwaag.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!