Krúspunt betinkt Bernard Smilde yn Akkrum Op sneon 9 april 2022 is der, nei twa jier gjin Krúspuntdei, wer in jiergearkomste yn Akkrum holden. De hiele dei stie yn it teken fan dûmny Bernard Smilde, dy ’t dit jier 100 jier lyn berne waard. Nei de ynrin om 10.00 oere en nei it húshâldlik diel
Read more
Op sneon 13 april 2019 waard foar de tsiende kear de Krúspuntdei holden. Hjirûnder kinne jo noch neilêze wat in pear meiwurkers oer it tema sein ha. Ferslach fan de dei yn it Deiblêd (klik op de ôfbielding foar in fergrutting): Ynlieding foarsitter oer ‘Lit ús sjonge’. Tryntsje van der Veer: Tûzen blommen – Hoe
Read more
Sneon 21 april kamen der goed 50 stipers nei Akkrum om de jiergearkomste fan Krúspunt mei te meitsjen. It bestjoer hie foar dizze gearkomste it tema “Oersette nei it Frysk fan bibeltekst en tsjerkeliet” keazen. Yn it FrieschDagblad stie moandei 23 april in moai ferslach fan de hân fan Koen Zondag, dy’t de dei meimakke
Read more
De jiergearkomste 2017 fan Krúspunt waard holden yn de Kapel fan Bloemkamp yn Bolsward. Dit plak wie keazen om’t Cor Trompetter, historikus út Wolvegea, de gearkomste middeis in lêzing hold oer “Dopersen yn Fryslân yn de 16e iuw. It ‘Oldeclooster’ as berteplak fan de Menisten”. ‘Oldeclooster’ waard ek faak kleaster Bloemkamp neamd. Moarns, nei de
Read more
Sneon 16 april waard de Krúspunt jiergearkomste 2016 holden yn Akkrum. It bestjoer hie besocht in fariearre gearkomste te organisearjen. It die harren deugd dat de besikers nei ôfrin mei in tefreden en foldien gefoel nei hûs ta setten. Se hiene in prachtige dei hân. dei hie ek syn fêste ûnderdielen, sa as de te
Read more
Sneon 21 maart 2015 wie de jiergearkomste fan Krúspunt. Njonken de útrikking fan de tredde Bernard Smilde Priis wie dêr ek omtinken foar it riden en farren fan de stifting, nije inisjativen, noflik bypraten. en fansels in moaie liturgyske ôfsluting: Sipke Huismans yntrodusearre de mjûsekel Ruth. De teksten binne fan Folkert Verbeek en de muzyk
Read more
Sneon 29 maart 2014 waard de fiifde jiergearkomste fan Krúspunt hâlden. Dizze kear hie it bestjoer keazen om dat yn Feanwâlden te dwaan. It programma spyle him ôf op trije lokaasjes. De ynrin fanôf 10.00 oere wie mei kofje/tee mei wat derby yn de Mienskip. Om 10.30 oere begûn it moarnsgebet ûnder lieding fan Hinne Wagenaar yn de
Read more
De Stifting Krúspunt, Frysk Oekumenysk Platfoarm, frege op de jiergearkomste 2013 yn’t bysûnder oandacht foar it gebrûk fan Frysk yn en om de tsjerken. Foaral om’t der de lêste jierren in spontaan proses geande is op’t tsjerklik mêd. De sitewaasje fan safolle Hollânske en safolle Fryske tsjinsten feroaret yn de rjochting fan in natuerlike meartaligens
Read more
JIERGEARKOMSTE KRÚSPUNT 21 APRIL 2012 Yn de Lantearne neist de Terptsjerke fan Akkrum fûn sneon de tredde jiergearkomste plak fan Krúspunt. Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t wat te sykjen of te bieden hawwe op it mêd fan Frysk en tsjerken. It is as Frysk oekumenysk platfoarm de opfolger fan it Kristlik
Read more
Wy komme op in prachtige moarn byinoar yn Akkrum. De lêste dagen wiene der noch al wat ôfsizzings. Mar der komme ek minsken dy’t har net opjûn hiene. Sadwaande binne wy mei ca. 52 minsken byinoar. Nei de kofje geane wy nei tsjerke foar de liturgyske iepening. Liturgyske iepening – mei in ferskaat oan lieten
Read more
Klik op Tytsje Hibma foar de iepening. Klik op Wiep Koehoorn foar it persoanlijke ferslach. Foar de kranteferslaggen: Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant 1 2 ►