Hânwizer meartaligens

KrúspuntHânwizer meartaligens

Dizze hânwizer jout in tal mooglikheden foar praktyk en belied dêr’t men út kieze kin. Yn elke gemeente of parochy kin men it petear op gong bringe, hoe’t men mei dizze mooglikheden omgean wol.
Krúspunt hopet dat mei dizze hânwizer de romte yn de tsjerken foar meartaligens groeit. Dat wy yn alle kleuren en talen sizze en sjonge meie, hoe’t de moeting mei God ús libben en ús hert rekket.

Algemien:

  • Elk mei syn/har eigen memmetaal prate en skriuwe, yn tsjerketsjinsten, gearkomsten, tsjerkeblêd of oare skreaune stikken.
  • As jo wend binne om Frysk te praten en de oar kin it Frysk ferstean, stap dan net oer, mar bliuw Frysk praten.

Tsjerketsjinsten:

  • Lis fêst dat der 6 kear jiers of elke moanne of … in Fryske tsjinst is.
  • Nim yn elke Hollânske tsjinst Fryske eleminten op b.g.:
    – begjin elke tsjinst mei in Fryske psalm of einigje mei in Frysk segenliet,
    – praat yn it Frysk en sjong in it Hollânsk of krekt oarsom
    – wikselje Fryske en Hollânske lieten ôf
    – lit de lektoaren kieze oft se de Skriftlêzing yn it Frysk of Hollânske lêze.
  • Kom minsken dy’t (noch) gjin Frysk fersteane yn ‘e mjitte:
    – jou in Hollânske oersetting op papier fan in Fryske preek
    – set de Hollânske oersetting by Fryske lieten op de beamer of liturgy
    – nûgje harren út om it Frysk mei te sjongen en sprek jo wurdearring út
    – nim yn Fryske tsjinsten ek Hollânske eleminten op
  • Soargje dat dingen klearlizze (Fryske lieteboeken, lieten foar op de beamer, ensfh.)
  • Begjin de tsjinst yn in (gast-)gemeente mei: sille wy it mar yn it Frysk dwaan?

Preekfoarsjenning:

  • Jou oan dat de gastfoargonger Frysk prate mei.
  • Jou oan dat de gastfoargonger Fryske eleminten yn de tsjinst brûke kin.
  • Jou oan dat der Fryske lieteboeken binne of dat der Fryske lieten op de beamer kinne.

Beroppingswurk:

  • Tink by it beroppingswurk nei oer de meartalige mooglikheden fan de foargonger.
  • Neam it Frysk op yn de profylskets fan de gemeente en fan de foargonger.
  • Freegje kandidaten nei harren omgean mei meartaligens.

Tsjerkeblêd en oare skreaune stikken:

  • Elk mei skriuwe yn har/syn eigen memmetaal.
  • Wa’t gjin Frysk lêze kin, kom dy yn ‘e mjitte, mar noegje him/har ek út foar in Afûkkursus.
  • Oerlis as tsjerkeried en redaksje fan it tsjerkeblêd oer it brûken fan Frysk en Hollânsk.
  • Soargje dat ek yn it tsjerkeblêd meartaligens ta utering komt.

Belied:

  • Nim yn it beliedsplan in ûnderdiel ‘Meartaligens’ op.

Dat kin oan de hân fan boppesteande punten:
1. Algemien, 2. Tsjerketsjinsten, 3 Preekfoarsjenning, 4. Beroppingswurk, 5. Tsjerkeblêd en oare skreaune stikken.

  • Besprek yn tsjerkeried en gemeente wat minsken goed docht en wêr’t men tsjinoanrint.
  • Set heldere stappen op de wei fan meartaligens en lis dy fêst yn it beliedsplan.
  • Jou oan Krúspunt troch (skriuwer@kruspunt.nl) hokker beliedsstappen jimme sette.

 

download de ‘Hânwizer’ yn Word