Moarnsgebed fan de lêste startsen fan it kleaster yn Optina. Hear, jou dat ik mei inerlike rêst alles temjitte gean mei wat dizze dei my bringe sil. Meitsje dat ik my folslein oerjaan kin oan Jo hillige wil. Underrjochtsje en stypje my yn alles op alle oeren fan dizze dei. Hokfoar berjochten ik ek yn
Ivige God, somtiden is de Bibel helder en begryplik foar ús. Oare kearen bliuwt it in slúten boek foar ús. Sa liket it ek wolris mei ús eigen libben: sa no en dan liket ús libben helder en dúdlik, mar dan kin ús libben samar feroarje, en is alles ynienen ûndúdlik, pynlik, in riedsel. Dêrom
Ivige en goede God, Net allinne fanwege it geweld fier fuort, oeral op ierde, bidde wy. Mar ek fanwege it geweld tichteby, yn ús eigen lân yn ús eigen fermidden ja, yn ús eigen libben. Dêrom bidde wy: Hear, ûntfermje Jo. Net allinne fanwege de pine en de ellinde fier fuort, oeral op ierde, bidde
Foar’t wy fierder geane, wolle wy earst stil wurde en ús soargen en ús need beneame. Der is in soad dat prachtich is, mar tegelyk tôgje wy allegear ús pine en ús leed mei ús mei. Dêrom wolle wy bidde om ûntferming foar de wrâld, foar de wrâld tichteby om ús hinne, en foar ús
Gebed om Geast Hillige Geast, wy bidde Jo kom yn ús fermidden en reitsje ús oan! Hillige Geast, wy bidde Jo brek troch de muorren hinne de muorren dy’t wy opbout hawwe om ússels hinne de muorre tusken ússels en oaren de muorre tusken ússels en ús eigen hert de muorre tusken ússels en Jo.
Tank No’t alles om ús hinne rêstich wurdt en stil komme wy ta Jo Hear. Wy tankje Jo foar dizze dei, wy tankje Jo foar it libben, foar de minsken dy’t wy moete ha, foar alle lytse freugden. Wy tankje Jo foar alle rykdom yn ús libben: foar ús iten eltse dei foar in dak
Brûke jo as gemeente geregeld it Fryske Us Heit, of soene jo dat faker dwaan wolle? Faak rinne minsken tsjin it probleem oan, dat se it Onze Vader al, mar it Us Heit net út ’e holle kinne. Yn ’e tsjerken fan Burchwert en Hichtum hawwe wy dat oplost, troch by de yngong lytse, plastifisearre A6-kes del te lizzen