Ynlieding ta it Kyrie-gebed
Foar’t wy fierder geane, wolle wy earst stil wurde en ús soargen en ús need beneame.
Der is in soad dat prachtich is, mar tegelyk tôgje wy allegear ús pine en ús leed mei ús mei.
Dêrom wolle wy bidde om ûntferming foar de wrâld, foar de wrâld tichteby om ús hinne, en foar ús eigen libben.
Dêrnei kinne wy dan fierder en ús besinne, harkje nei Gods wurd en Gods eare sjonge.
Kyrie gebed
Om alles wat der yn ús grutte wrâld bart, bidde wy om ûntferming.
Fanwege alles wat der geande is,
wêr’t wy oer yn sitte, en ús soargen oer meitsje.
Wy bidde:
jou ús romte,
jou ús ynsjocht en wiisheid,
jou ús wrâld nije kânsen.
Hear, ûntfermje Jo.
Om alles wat der bart yn de lytsere wrâld, bidde wy om ûntferming.
By minsken om ús hinne, yn gesin, famylje,
op it wurk, by freonen en doarpsgenoaten.
Fanwege alles wat der geande is,
wêr’t wy oer yn sitte en ús soargen oer meitsje.
Wy bidde: jou ús romte,
jou ús ynsjocht en wiisheid,
jou ús nije kânsen.
Hear, ûntfermje Jo.
Net allinne om alles wat der bart yn de grutte wrâld,
of yn de lytsere wrâld om ús hinne,
mar ek fanwege alles wat de geande is
yn ús eigen libben, bidde wy ta Jo om ûntferming.
Om wat der djip yn ús binnenste leit,
wêr’t oaren faak gjin weet fan ha,
oan fertriet, skamte, skuld en ûnwissens.
Fanwege alles wat der geande is,
wêr’t wy oer yn sitte en ús soargen oer meitsje.
Wy bidde:
jou ús romte,
jou ús ynsjocht en wiisheid,
jou ús nije kânsen.
Hear, ûntfermje Jo.
(ds. Hinne Wagenaar)