Oer Krúspunt

KrúspuntOer Krúspunt

Moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke.

Op 2 juny 2009 fûn, yn ‘e âlde doarpstsjerke fan Jorwert, de oprjochtingsgearkomste fan Krúspunt plak.tsjerke_jorwert

KRÚSPUNT is, as fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip, it nije Frysk Oekumenysk Platfoarm. 

Organisaasjes dy’t har rjochtsje op it befoarderjen en brûken fan it Frysk yn en om tsjerke, kinne inoar dêr fine en ynformaasje útwikselje.

KRÚSPUNT, oan ‘e digitale snelwei fan ynternet, sammelet alle ynformaasje, nijs en ûntwikkelingen, dy’t raakflakken hawwe mei tsjerke/religy en de Fryske taal/streek­ta­len.

Mei help fan ús webstee, dy’t jo no besykje, ûntwikkelje wy in databank mei relevante ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn lieten en gedichten, liturgy, tsjinsten en diskusjerûnten, mei links en aktualiteiten, mei fideo, foto’s  en muzyk.

KRÚSPUNT is in ideële organisaasje, dy’t ôfhinklik is fan jeften en legaten. 
Mei help fan stipers kin KRÚSPUNT in moetingsplak wêze foar leauwen en taal en in wichtige bydrage leverje oan it yntegrearjen fan ‘e Fryske taal/streektaal yn alle kristlik-religieuze uterings.

 

Stichting Krúspunt is in ANBI stichting.