Beneaming en beleaning bestjoerders

KrúspuntBeneaming en beleaning bestjoerders

Sitaat út  it karbrief oer beneaming en beleaning bestjoerders

  1. It bestjoer fan de stifting bestiet út in troch it bestjoer fêst te stellen tal fan op ­syn minst trije en op syn meast sân bestjoerders. In rjochtspersoan kin gijn ­bestjoerder wêze. Alle jierren yn ‘e moanne jannewaris stelt it bestjoer it tal bestjoerssitten foar dat jier fêst. As dêrtroch fakatueres yn it bestjoer ûntsteane, of der binne dat jiers ­fakatueres te ferwachtsjen troch it ôfgean fan bestjoersleden, of der binne ­besteande fakatueres, dan noeget it bestjoer de dielnimmende organisaasjes út om foar april fan itselde jier nammen fan kandidaat-bestjoersleden oan te dragen. Yn ‘e moanne april kiest it bestjoer út ‘e oandroegen kandidaat-­bestjoersleden safolle bestjoerders as dat nedich is. It bestjoer makket de nammen fan ‘e nije bestjoerders oan de dielnimmende organisaasjes en de ­stipers bekend, tagelyk mei de útnoeging foar de jiergearkomste (kêst 6, 2).
  2. De ferkiezing fan in nij bestjoerslid is in bestjoersbeslút dat pas yn wurking giet, neidat de mearderheid fan ‘e stipers dy’t op ‘e jiergearkomste oanwêzich binne it ferkiezingsbeslút goedkard hawwe.
  3. Kart op ‘e jiergearkomste de mearderheid fan ‘e oanwêzige stipers it ferkiezingsbeslút goed, dan is it oanbelangjende bestjoerslid fan dat stuit of  bestjoerslid yn folle rjochten en plichten.
  4. Kart op ‘e jiergearkomste de mearderheid fan ‘e oanwêzige stipers it ferkiezingsbeslút net goed, dan is dêrmei it ferkiezingsbeslút neatich wurden en  is de oanbelangjende bestjoerssit op dat stuit wer fakant. It bestjoer hat dan it ­foech om him werom te lûken en in nij bestjoerslid te kiezen út ‘e earder foardroegen bestjoerskandidaten en it nije ferkiezingsbeslút oan de oanwêzige ­stipers ta goedkarren foar te lizzen, of om de fakatuere bestean te litten.
  5. As in bestjoerslid op ‘e yn lid 4 fan dit kêst beskreaune wize beneamd wurdt, ­makket it bestjoer binnen fjirtjin dagen nei de jiergearkomstede namme fan it ­nije bestjoerslid oan de dielnimmende organisaasjes en alle stipers bekend.
  6. De bestjoerders wurde beneamd en tydlik bestjoerslid-ôf makke troch it bestjoer. Yn fakatueres moat sa gau mooglik foarsjoen wurde. It bestjoer kiest út syn midden in foarsitter, in skriuwer en in ponghâlder. De funksjes fan skriuwer en ponghâlder kinne troch ien persoan ferfolle wurde.
  7. De bestjoerders wurde beneamd foar in termyn fan fjouwer jier, en kinne nei ­ôfrin fan dy termyn ien kear oanslútend op ‘en nij foardroegen en beneamd wurde.
  8. Yn gefal fan ien of mear fakatueres yn it bestjoer hâldt it bestjoer syn foegen.
  9. De bestjoerders krije gijn beleanning foar harren wurksumheden. Hja hawwe ­wol rjocht op in fergoeding fan de kosten dy’t hja by it útoefenjen fan harren ­funksje needsaaklik makke hawwe.