Tema: De Geast sprekt alle talen – Oer meartaligens yn de tsjerklike gemeente
20.00 oere Iepening
Lês it Pinksterferhaal út Hannelingen 2: 1-4 of 1-8 of 1-13. Lês dat yn sa folle mooglik talen troch ferskillende minsken foarlêze. Op debijbel kinne jo (as jo stiper binne fan it Ned. Bibel Gen.) de Hollânske, Fryske, Grunneger, Ingelske, Frânske, Dútske oersetting fine.
Gebed: Kies út ‘Tsjinstboek diel I, s. 1094 e.f. Gebeden fan de dei’ it gebed fan de dei en lês dat yn Frysk en Hollânsk. Elke PKN-tsjerke hat de ôfrûne jierren in Tsjinstboek diel I en diel II krigen. Sykje dat op yn jimme tsjerke. De teksten fan diel I en II (Hollânsk) en diel I (Frysk) binne ek te finen op dienstboek.
Sjongen: Noegje in koar of kantorij of kwartettekoar út en sjong mei-inoar in tal lieten yn Frysk en/of Hollânsk. Guon koarte lieten (Taizé, Wylde Goes) kin men yn meardere talen sjonge (ek Latyn of Ingelsk).
20.25 oere Koarte ynlieding – Leafst oanfolle mei in útspraak of útbylding mei humor.
Strekking fan de ynlieding:
God wol ús as minsken foarmje, nei lichem, siel en geast.
It djipste fan ús wêzen is ferbûn mei de taal dy’t wy sprekke.
God wol ús just moetsje yn dat djipste wêzen,
Dêrom is de taal fan it hert in belangryk ‘ynstrumint’ yn it tsjerklik libben.
Sitaat fan Titus Brandsma: bidden yn de Fryske taal-
‘Wy binne it Frysk bidden net wend en wy fiele it net as in gemis dat wy net oars as yn it Nederlânsk bidde. Wy miene it wol misse to kinnen en wy binne tige tefreden mei ús bewende gebedens….. Oan wa’t fan bidden yn de Fryske taal net hearre wolle, der neat foar fiele, doar ik sizze: Jimme witte net wat jimme ûnbinutte litte’.
(Foarwurd Titus Brandsma yn it Sneinsmissael 1940)
20.30 oere Skoft – kofje en tee
20.45 oere Petear yn lytse groepen oer meartaligens en it belied yn de gemeente.
Brûk by dat petear de hânwizer:
– hokker punten fine jo wichtich?
– wat moat der yn in beliedsplan?
Elk groepke hat in skriuwer dy’t de kearnpunten opskriuwt.
21.30 oere Utwikseling en Ofspraken
– Koarte plenaire ympresje fan wat der yn de groepkes bepraat is.
– Ofspraak dat de tsjerkeried, beliedskommisje of in ad hoc kommisje fierder sjocht nei de útkomst fan de groepspetearen.
21.45 oere Ôfsluting
– Sjongen (lykas by de iepening)
– Jûnsgebed: Kies in gebed út ‘Tsjinstboek I, s. 1124 e.f. Jûnsgebeden’ b.g. nû. 30 op side 1130